Op 3 oktober komt der in bus oan yn Ljouwert. Dat sil wol faker barre, mar ditkear is de bus krekt wat spesjaler: it is in busfol Europeeske minderheden dat op besite is by it Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK).
De Youth of European Nationalities (YEN) makket nammentlik in toer troch hiel Europa om op ferskate plakken op besite te gean by jongerein fan minderheden. De bustoer “Crossing Rivers” wol sa it jier fan YEN ôfslute dêr’t se ‘brêgen boud’ hawwe om minderheden in sterkere posysje te jaan. De bus stekt binnen tsien dagen oan by alderhanne minderheden, ûnder oare de Noard-Friezen yn Dútslân, de Retoromanen yn Switserlân, de Súd-Titoalers yn Italië en de Sorben yn Dútslân.… Lês fierder
