Teleks: RUG en Omrop dogge ûndersyk nei de Stimmen fan Fryslân

logo.ensafh

Yn it Frysk spraakopdrachten jaan oan dyn telefoan of dyn auto? Dat kin no noch net, mar in grut ûndersyk nei fariaasjes binnen it Frysk soe sa’n tapassing wol mooglik meitsje kinne. De Ryksuniversiteit yn Grins (RUG) begjint woansdei mei it ûndersyksprojekt ‘Stimmen fan Fryslân’. En dêr is de help fan safolle mooglik Friezen by nedich. Elkenien wurdt oproppen om mei te dwaan oan de dialektkwis en it ynsprekken fan harren stim op in spesjale app. Omrop Fryslân jout de kommende dagen omtinken oan it ûndersyk.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 23-09-17: Demonstrative optocht foar goed ûnderwiis yn de Fryske taal

logo.ensafh

‘It giet net om it fieren fan Fryskheid; it giet om it fieren fan it minskerjocht om te praten yn watfoar taal jo mar prate wolle. No’t it taalferskaat alle dagen minder wurdt en no’t boppedat de Zeitgeist is dat wy net allegearre identyk hoege te wêzen, ek net as bewenners fan Fryslân, wat ús taal en aard oangiet, no is it tiid om de erkenning te betinken fan it rjocht fan alle minsken en alle bern om har te uterjen yn har eigen memmetaal. Dus is it tiid om stil te stean by it fûnemintele rjocht om goed ûnderwiis te krijen yn de memmetaal.’… Lês fierder

Aginda 06-10-17: Iepening Troelstra útstalling

logo.ensafh

By Tresoar is fan 6 oktober ôf in permaninte útstalling oer Pieter Jelles Troelstra te sjen. Dy útstalling is in ûnderdiel fan Lân fan Taal dat by LF2018 heart.

​In tiidline nimt de besiker mei, dy komt dêrtroch neier yn ‘e kunde mei Troelstra, de mins, de steatsman, mar (benammen) ek de dichter. Der wurdt stilstien by barrens, dy’t him ynspirearren ta it skriuwen fan gedichten, lykas de dea fan syn mem, de leafde en de striid foar in rjochtfeardiger wrâld.

By Troelstra kin lykwols gjin absolute grins lutsen wurde tusken syn skriuwerij en syn wurk as advokaat, of yn de polityk.… Lês fierder

Teleks: DichterS fan Fryslân achtet ferkiezing Provinsjedichter mislearre

logo.ensafh

It dichterskollektyf DichterS fan Fryslân achtet de ferkiezing fan in Dichter fan Fryslân mislearre no’t ien fan de auteurs fan de trije nominearre gedichten harsels op sosjale media bekendmakke hat. Dêrmei is it prinsipe fan anonimiteit by de publyksstimmerij skeind en ferwurdt de ferkiezing ta in ordinêre populariteitswedstryd.

Dêrneist falt it de DichterS fan Fryslân op dat de trije troch de sjuery selektearre gedichten op de webside Dichter fan Fryslân net folle aktualiteitswearde hawwe, yn ôfwiking fan de stipelearring fan de organisaasje en yn striid mei de bedoeling fan Provinsjale Steaten mei it provinsjedichterskip.

DichterS fan Fryslân is in kollektyf fan mear as 25 dichters dy’t tegearre it provinsjedichterskip staljaan wolle.… Lês fierder

Teleks: Grut tal oanmeldings foar Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Grut tal oanmeldings foar Dichter fan Fryslân

Mar leafst 36 dichters hawwe sollisitearre nei de funksje fan Dichter fan Fryslân. Oant en mei 10 septimber koenen kandidaten sollisitearje nei Dichter fan Fryslân troch in Frysk gedicht en in koarte motivaasje yn te stjoeren.

Fan hjoed ôf oan kin ek it publyk syn stim hearre litte. De sjuery, besteande út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, hat út alle ynstjoerings in foarseleksje makke fan trije kandidaten. Op de webside fan Dichter fan Fryslân: www.dichterfanfryslan.nl kin elkenien fia in stim op syn of har favoryt gedicht, fan ien fan dy trije kandidaten, in foarkar trochjaan.… Lês fierder

Poepjes: “Noch hieltyd ien provinsjale Dichter fan Fryslân”

logo.ensafh

Deputearre Sietske Poepjes is net fan doel om de ferkiezing foar Dichter fan Fryslân te skrassen. Dat wol it dichterskollektyf DichterS fan Fryslân graach. Poepjes fynt it dichterskollektyf in geweldich goed plan, mar tinkt dat it kollektyf en de ferkiezing prima njonken inoar bestean kinne. Dêrneist is it te let om de ferkiezing ôf te blazen. “It dichterskollektyf is in prima oanfolling op it mêd fan dichtsje en poëzy. Mar wy kieze noch wol hieltyd ien provinsjale Dichter fan Fryslân.”

DichterS fan Fryslân is it net iens mei de proseduere foar de ferkiezing fan ien provinsjale Dichter fan Fryslân. Sa fine se de sjuery net geskikt en fernuverje se harren deroer dat de provinsje op syk is nei in amateurdichter.… Lês fierder