Aginda 22-10-17: Baskyske literêre middei yn Koarnjum

logo.ensafh

Op 22 oktober organisearret Syds Wiersma foar Other Words in Baskyske literêre middei. Dy wurdt holden yn De Wier, it húskeamerteäterke fan Bob de Boer yn Koarnjum. Literêr tydskrift Ensafh is der ek by belutsen, omdat de redaksje in temanûmer oer de Baskyske literatuer oan it tarieden is.

De Baskyske gastskriuwer (namme noch net bekend) dy’t foar Other Words yn ‘e hjerst yn Fryslân is en de skriuwers Bart Kingma en Gerard Marcel de Jong , dy’t beide yn San Sebastián sieten, wurde dy middei ynterviewd en trede op. Dichters belutsen by it temanûmer fan Ensafh bringe poëzij yn Baskyske oersettings en der is Baskyske muzyk.… Lês fierder

Aginda 09-09-17: Jannie Roodhof en Ytsje Hettinga oer Fryske dichtkeunst

logo.ensafh

Jannie Roodhof uit Woudsend en Ytsje Hettinga uit Koudum dragen zaterdag 9 september tijdens Open Monumentendag voor over Friese dichtkunst.

Jannie Roodhof zal in De Karmel een “klanktocht door de Friese poëzie” houden in drie onderdelen om 13.30, 14.00 en 14.30 uur. Zij zal gedichten voordragen van bekende Friese dichters en uit eigen werk. Muzikale begeleiding wordt verzorgd door Louzia Saitova. Vertalingen van de Friese gedichten kunnen in het Nederlands meegelezen worden.

In de Sint Michaëlkerk draagt Ytsje Hettinga uit Koudum eigen gedichten voor. Het thema van de Open Monumentendag “Boeren, Burgers en Buitenlui” is verwerkt in haar voordrachten. Ytsje is (oud-) boerin en sterk verbonden met de Friese cultuur en het Friese landschap.… Lês fierder

Teleks: Sneon lêste dei fan de biblioteek Ljouwert yn it beursgebou

logo.ensafh

Meiwurkers fan de Ljouwerter biblioteek binne al fiif wiken lang oan it ynpakken en der lizze oeral ferhúsdoazen. Oan de 37-jierige skiednis fan de biblioteek yn it beursgebou komt in ein want de ferbou set útein foar in nije gebrûker; de Ryksuniversiteit Grins.

Sneon kinne minsken der foar it lêst hinne om boeken. Op 15 septimber giet der in spesjale Pop-Up Bieb iepen oan it Saailân. Dy bliuwt iepen oant de nije lokaasje foar de biblioteek klear is. Dat is de Blokhúspoarte.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Winners Rely Jorritsmapriis 2017 en Junior Rely 2017

logo.ensafh

 

Utslach Rely Jorritsma Fûns-priisfraach 2017 (30-08-2017)

Rely Jorritsma
De sjuery fan de Rely Jorritsma advisearret dit jier it maksimale tal prizen út te rikken: fiif foar fersen en fiif foar ferhalen. Der binne 39 ferhalen ynstjoerd en 48 fersen. In priis foar in fers is gelyk oan in priis foar in ferhaal, € 1.000,00.

Winnende ferhalen
De winnende ferhalen binne:

‘Genede, in soarte fan bûgjen’ fan Geert Nauta út Wergea
‘Hofkesjonge’ fan Trevor Scarse út Grins
‘Guggem’ fan Lida Dykstra út De Knipe
‘Dû smearlap’ fan Geart Tigchelaar út Ljouwert en
‘De oanhâldende gearspanning fan idioaten’ fan Lomme Schokker út Hillegom.… Lês fierder

Teleks: Alternatyf plan foar Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

 

Moandei 28 augustus yntsjinne by de Provinsje en de Afûk troch de dielnimmende dichters.

DICHTERS FAN FRYSLAN
In mearstimmige Dichter fan Fryslân

De gong fan saken om it projekt Dichter fan Fryslân hinne hat der de ofrûne tiid ta laat dat ferskate dichters, dy’t neffens ús op grûn fan har steat fan tsjinst as dichter foar de funksje yn de beneaming komme soene, witte litten hawwe dat se har net kandidaat stelle. Se binne it net iens mei de proseduere en/of hawwe har steurd oan de útspraken fan de deputearre fan kultuer oer it projekt yn ‘e media. Dat fine wy spitich.… Lês fierder

Teleks: Alve nije projekten yn programma Lân fan taal

logo.ensafh

Yn de twadde subsydzjeronde fan Lân fan taal binne alve meartalige mienskipsprojekten honorearre. Se wurde dêrmei opnaam yn it iepen programma fan Lân fan taal. Fan de 25 projekten dy’t har oanmeld hawwe, waarden sân grutte projekten talitten en ek fjouwer lytsere projekten krije subsydzje.

Fan 4 oktober oant 1 novimber kinne nije mienskipsprojekten har oanmelde foar subsydzje. Mei dizze finansjele stipe wol de provinsje fernijende projekten op it mêd fan meartaligens, taal en it Frysk stimulearje.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Aginda 25-08-17: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder