Teleks: Ried fan de Fryske Beweging wol in glimmer útjaan

logo.ensafh

De Ried fan de Fryske Beweging wol in folslein nij Frysktalich publykstydskrift begjinne. It idee is om eltsenien dy’t wat mei Fryslân en it Frysk hat, lykas ynstânsjes, sportferienings en bedriuwen, in poadium te bieden. Yn in oplage fan minimaal twatûzen en sa’n seis kear yn it jier. It soe in glimmer (glossy) wurde kinne. Dêr steane dan bygelyks bydragen yn fan It Fryske Gea, Tresoar, Tryater en withoefolle oare ynstânsjes, mar ek fan teaterproduksjes, om sa mar in pear foarbylden te neamen.

De Ried wrakselet op it stuit mei syn tydskrift Swingel. It tal bydragen is wat ûnderwerpen oangiet te beheind.… Lês fierder

Teleks: filmopnames oer ‘Fryske literatuer’ úteinset

logo.ensafh

Mei de nije dokumintêre In dit lânskip leit myn libben wol Tresoar yn 2018 in ynternasjonaal publyk yn ‘e kunde komme litte mei de skjintme fan de Fryske literatuer. Filmregisseur Halbe Piter Claus en director of photography Ismaël Lotz meitsje yn opdracht fan Tresoar dizze film. In skriuwster en twa skriuwers, Hylke Speerstra, suksesfol Frysk skriuwer fan boeken as De oerpolder en Op klompen troch de Dessa, Huub Mous keunsthistoarikus en kultuerkritikus en skriuwer fan boeken lykas De Fries die in de toekomst sprong: Fries modernisme in de jaren zestig, en skriuwster Hilda Talsma bekend fan boeken as De twadde hûd skriuwe elk in brief oan in al ferstoarne Fryske skriuwer.… Lês fierder

Teleks: Nominearren Gysbert 2017 protestearje tsjin proseduere + updeet

logo.ensafh

Pieter de Groot skriuwt yn syn wyklikse rubryk ‘Dwers’ mei de titel Gekoanstekkerij oer de nije proseduere by de útrikking fan de Gysbert Japicxspriis 2017. Der binne fiif nominearren, de winner wurdt earst op de dei fan de útrikking bekendmakke.

De Groot einiget syn kollum mei: De fiif nominearre skriuwers hawwe har ôfgriis fan dizze formule blike litten yn in brief oan de provinsje. Bêste deputearre Poepjes, nim har klacht serieus en gryp yn!

It is de redaksje fan ensafh noch net slagge om kontakt mei de nominearren te krijen oer de ynhâld fan dizze brief.

Updeet: de nominearren wachtsje noch efkes mei fierdere publisiteit.Lês fierder

Teleks: It Bilt beneamt twa BildtSkrivers

logo.ensafh

Skriuwers Hein Jaap Hilarides en Gerard de Jong wurde tongersdeitejûn beneamd ta ‘dichters en skrivers der gemeente ’t Bildt’. Oardel jier lang sille de BildtSkrivers de gemeente yn it ljocht sette, yn it Biltsk fansels. “’t Is fansels ’n hele eer om de gemeente te ferteugenwoordigen,” seit Hilarides. De bedoeling is dat hy en De Jong ienris yn ‘e moanne in gedicht, lietsje, kollum of proaza yn it Biltsk skriuwe. In bysûndere beneaming, om’t de gemeente yn 2018 opgiet yn de nije fúzjegemeente Waadhoeke. Al bliuwt it Biltsk yn dy nije gemeente fansels wol bestean.

“Wij binne hier wonnen an de meertalige sitewasy.… Lês fierder

Aginda 12-07-17: Simmerkuier mei poëzij yn Mantgum

logo.ensafh

 

Wolsto dy ris ferrasse litte en in moaie simmerjûn-kuier troch Mantgum meitsje, mei gedichten as in boeket blommen? Op woansdeitejûn 12 july besjonge njoggen dichters út Mantgum en fier dêr bûten, Mantgum; har huzen, de beammen, de histoarje en de fûgels. Op dizze ‘Moanne Live’ foardrachten fan: Wytske Wassenaar, Geartsje Bouma, Robyn Steensma, Pieteke de Boer, Ruerdtsje Kuperus, Anna Christien Piebenga, Henk Nijp, Tsjitske van der Meer en Ciska Noordmans.

Wy sjogge dy graach no woansdei 12 july om 19.30 oere op de Seerp van Galemawei 29, 9022 AC Mantgum. De tagong is fergees. Opjefte by Sito Wijngaarden fia: s.wijngaarden@afuk.nl.… Lês fierder