Teleks: 5 nominearren Gysbert Japicxpriis 2017

logo.ensafh

Der binne fan’t jier 5 nominearren foar de Gysbert Japicxpriis. De Gysbert Japicxpriis wurdt fan’t jier foar poëzy útrikt.

De nominearren binne:

  • Wilco Berga
    Allinne en yn koar (2014)
    Útjouwer: Afûk
  • Eppie Dam
    Fallend ljocht (2014)
    Útjouwer: Friese Pers Boekerij
  • Elske Kampen
    Man en mem (2014)
    Útjouwer: Afûk
  • Abe de Vries
    Brek dyn klank (2015)
    Útjouwer: Gerben Rypmastichting
  • Albertina Soepboer
    Herbarium (2014)
    Útjouwer: Frysk en Frij

De advyskommisjeleden hawwe yn meardere gearkomsten de poëzybondels beoardiele. De kommisje bestie fan’t jier út 3 leden: Bouke Oldenhof, Gerlien van Dalen en Pieter Boskma.

Útrikking
De winner fan de Gysbert Japicxpriis 2017 wurdt op sneon 14 oktober yn Boalsert bekend makke.

Lês fierder

Teleks: Friese Pers Boekerij Tiel fallyt

logo.ensafh

De útjouwerij Friese Pers Boekerij / Noordboek is fallyt. Dat is yn ferskate Gelderske media te lêzen. It fallissemint is op 13 juny útsprutsen. Hoewol’t de útjouwerij offisjeel fêstige is yn Tiel, wie er benammen aktyf yn Noard-Nederlân. In soad boeken fan ‘e útjouwerij hawwe te krijen mei Fryslân, Grinslân en Drinte. Bekende Fryske skriuwers lykas Koos Tiemersma, Durk van der Ploeg en Willem Schoorstra hawwe wurk by de Friese Pers Boekerij / Noordboek útjûn.

De Friese Pers Boekerij / Noordboek is ûntstien út de eardere útjouwerijen fan ‘e Ljouwerter Krante en it Deiblêd fan it Noarden. Der wie noch altyd in nauwe gearwurking mei dy twa kranten.… Lês fierder

Aginda 21-06-17: Midzomeravond mei û.o. Hein Jaap Hilarides

logo.ensafh

Boekhandel van der Velde te Leeuwarden organiseert in samenwerking met presentator Melvin van Eldik een midzomeravond met prachtige woorden en heerlijk luistermuziek in de Slauerhofftuin achter de winkel.

Onlangs verscheen van schrijver Hein Jaap Hilarides zijn nieuwe roman De trekker fan Troje. Het boek draait om de vraag: wat is de kleine burger in het grote Europa? De hoofdpersoon, Friso Wassenaar, worstelt met zijn (Friese) identiteit in de postmoderne wereld. Identiteit, ‘de Fryske saak’, liefde en wraak zijn de thema’s in deze roman die leest als een thriller. Hilarides leest een scene voor uit het boek die zich afspeelt in een café in Amsterdam waar Slauerhoff ooit te gast was.… Lês fierder

Aginda 24-06-17: Midsimmerjûn en Boek Presintaasje yn Wytgaard

logo.ensafh

Sneon 24 juny 2017
Tjissemastate Wytgaard

Programma
– Poëzy troch de Flaamske dichteres Delphine Lecompte.
– Presintaasje Marije Roorda fan har debút-dichtbondel In
spantou om’e tiid.
– De muzyk komt fan Wiebe Kaspers en band.

Sneon 24 juny 2017 ynrin 20.30 oere, oanfang 21.00 oere Tjissema State, Fopma’s Reed, Wytgaard.

Graach oanmelde foar 20 juny fia gerbenrypma@home.nl Tagong oan de kassa: €.10,00

Klik hjir foar de utnûging Midsimmerjûn.
Klik hjir foar de meiwurkers Gerben Rypma Midsimmerjûn.

Boarne: Gerben RypmastiftingLês fierder

Teleks: Fryske skriuwers foardroegen foar earelist berneboeken

logo.ensafh

Tjalling Bos, Martsje de Jong en Mirjam van Houten binne foardroegen foar in plak op de IBBY Honourlist, in oersjoch fan berne- en jeudboeken fan hege kwaliteit. Tjalling Bos is foardroegen foar syn oersetting fan it boek ‘Naar de top’ fan Dan Gemeinhart. Foar it earst draacht IBBY ek in Fryske oersetting foar en dat is de oersetting fan Martsje de Jong fan it boek ‘Grote Vriendelijke Reus’ fan Roald Dahl. Omdat Nederlân twatalich is mei der ek in Frysk boek foardroegen wurde en dat is dit jier it boek ‘Tije’ fan Mirjam van Houten.

De boeken wurde presintearre op it ynternasjonale IBBY-kongres yn Athene.… Lês fierder