Teleks: Provinsje stekt tûzenen euro’s yn Frysk op ynternet

logo.ensafh

De provinsje lûkt 6,5 ton út foar in nij Nederlânsk-Frysk wurdboek op ynternet. En der komt hast 70.000 euro foar Taalweb, de webside mei taalhelpmiddels foar minsken dy’t it Frysk leare wolle. In mearderheid yn provinsjale steaten hie trije jier lyn frege om struktureel jild út te lûken foar it Frysk op ynternet. It jild giet nei de Fryske Akademy dy’t it wurdboek ûntwikkelet en ek de webside Taalweb ûnderhâldt.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Aginda 30-06-17: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

 

Fremibu is dit kear yn Tresoar, net yn Wouters, fanwege it gearfallen mei de útrikking fan de D.A. Tammingapriis op itselde tiidstip.

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed!… Lês fierder

Aginda 30-06-17: “Tour de Frise” mei Bert Wagendorp yn Grins

logo.ensafh

“Tour de Frise” mei Bert Wagendorp yn Grins

Op freedtejûn 30 juny, de deis foardat de Tour de France begjint, organisearret Utjouwerij Regaad de Tour de Frise, in sportliterêre jûn yn Grins. Oan it program wurkje mei: Bert Wagendorp, Joop Atsma, Jaap Krol, Edwin de Groot, Geart Tigchelaar, Martsje de Jong en de eardere Fryske fytsprof Eddy Schurer. De jûn wurdt folle mei anekdoaten, kollums, gedichten, ynterviews, filmbylden, en in sportmuzykkwis. Boppedat wurdt de Fryske oersetting presintearre fan de bestseller Ventoux, fan Bert Wagendorp, oerset troch Martsje de Jong. Nei ôfrin fan it programma sille Bert Wagendorp en Martsje de Jong ek sinjearje.… Lês fierder

Teleks: Sietske Poepjes wurdt foarsitter fan Europeesk talenetwurk

logo.ensafh

De jiergearkomste fan Europeesk talenetwurk NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity) hat freedtemoarn yn it Italiaanske Val di Fassa deputearre Sietske Poepjes as de nije foarsitter keazen. Dat barde sûnder dat Poepjes der sels by wie. De deputearre presintearre harsels yn de foarm fan in meartalich fideoboadskip, omdat se freed by de iepening fan Oerol op Skylge is.

Konkurrint

Poepjes hie yn Italië in konkurrint yn de persoan fan de Italiaanske regionale politikus Giuseppe Detomas, mar dy luts syn kandidatuer oan it begjin fan de stimming ûnferwachts wer yn. Poepjes waard dêrtroch sûnder al te folle problemen keazen as ‘President’.

Ljouwert

It NPLD is in gearwurkingsferbân fan foaral regionale oerheden dy’t opkomme foar minderheidstalen as it Frysk, it Ladinysk fan de Val di Fassa, it Friûlysk, it Baskysk en it Welsh.… Lês fierder

Teleks: Lieven Bertels giet fuort by Kulturele Haadstêd

logo.ensafh

Lieven Bertels giet fuort as direkteur fan LF2018, de organisaasje achter Kulturele Haadstêd. Dat is krekt bekend makke troch de organisaasje fan Kulturele Haadstêd. Bertels ferlit Fryslân omdat hy de kommende seis jier in wichtige funksje krije kin by in grut ynternasjonaal kultureel festival yn Amearika. De Ried fan Tafersjoch hat tastimming foar it fuortgean jûn.

Opfolger

Lieven Bertels wurdt opfolge troch Tjeerd van Bekkum, boargemaster fan de gemeente Smellingerlân. Dat ha de Ried fan Tafersjoch, de provinsje en de gemeente Ljouwert besletten, nei’t Bertels har ferline wike op de hichte brocht fan syn nije baan. Foarsitter Wiebe Wieling fan de Ried fan Tafersjoch fan LF2018 seit dat de organisaasje de kar fan Bertels respektearret.… Lês fierder

Teleks: Tresoar nimt gebou Lân fan Taal nei 2018 oer

logo.ensafh

Tresoar nimt nei 2018 it gebou fan Lân fan Taal op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert oer. It argyf en taalsintrum sil it gebou brûke foar útstallings oer de Fryske taal en kultuer. Dat bart op dit stuit noch yn it eigen gebou, mar neffens direkteur Bert Looper komt it dêr eins net ta syn rjocht. De romte dy’t frijkomt yn it eigen gebou sil brûkte wurde as kolleezjeseal foar de Campus Fryslân.

It nije gebou dat komt op it Aldehoustertsjerkhof moat ein dit jier klear wêze en sil yn 2018 brûkt wurde troch it projekt Lân fan Taal, dat ûnderdiel is fan Kulturele Haadstêd 2018.… Lês fierder