Teleks: Sjuery Other Words kiest Hein Jaap Hilarides foar skriuwersferbliuw yn Maribor, Slovenië

logo.ensafh

Hein Jaap Hilarides is troch de Fryske sjuery fan Oare Wurden / Other Words – it Europeeske útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse talen – útkeazen om yn septimber-novimber 2017 yn de Sloveenske stêd Maribor te wenjen en wurkjen. Fan de fjouwer ynstjoerde foarstellen fûn de sjuery it skriuwplan fan Hilarides út St.-Jabik ynhâldlik it sterkst.

De sjuery: ‘Fan de fjouwer ynstjoerde foarstellen joech dat fan Hein Jaap Hilarides blyk fan de grutste urginsje en de measte djipgong. Net allinnich hat Hilarides in deeglik en goed útwurke ramt foar in literêr produkt delsetten, mar ek pleatst er dit yn in grutter ramt fan ynternasjonale ûntjouwing en Europeeske ienwurding.… Lês fierder

Teleks: Fryske Foarlêswike

logo.ensafh

Yn de earste wike fan juny is de Fryske Foarlêswike, organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse.

It ‘Selskip’ stipet de Fryske taal en kultuer en wol yn ’e mande mei de Tomke-wurkgroep it foarlêzen oan jonge bern in stimulâns jaan. En dizze wieke is it safier. It is de Fryske foarlêswike. Alle pjutteplakken en bernedeiferbliuwen dy’t meidogge oan de Fryske Foarlêswike krije foar alle pjutten it Tomke temaboekje ‘Tomke troch it jier’ gratis mei nei hûs. Yn Rinsumageast wie it op 6 juny in bysûndere dei. Der waard een ferhaal fan Tomke foarlêzen troch “badjuf” Mies Merkus.

Boarne: Kollumer CourantLês fierder

Teleks: Simy Sevenster-De Jong presenteert zeshonderd pagina’s dik geschiedenboek over Wier

logo.ensafh

De in Wier geboren en getogen Simy Sevenster-De Jong heeft na zeventien jaar een Friestalig geschiedenisboek over haar dorp afgerond. Dat wordt 8 juli vanaf 15.00 uur gepresenteerd in de Ioannis Teatertsjerke in Wier.

Het boek over het rond de tweehonderd inwoners tellende dorp bevat zeshonderd pagina’s. De uitgever is de Stichting Terp en Tsjerke Wier.

De tijd van het schrijven nam zestien jaar in beslag. De vormgeving, het laten drukken en het inbinden duurde acht maanden.

Boarne: Franeker CourantLês fierder

Teleks: D.A. Tammingapriis foar Geart Tigchelaar

logo.ensafh

D.A. Tammingapriis foar Geart Tigchelaar

LJOUWERT – Geart Tigchelaar (1987) kriget de D.A. Tammingapriis 2017. De priis wurdt him takend foar syn poëzydebút ‘leech hert yn nij jek’ en sil him op 30 juny oerlange wurde op Tresoar. It is de twadde kear dat de Stifting Frysk Letterkundich en Dokumintaasjesintrum (FLMD) de priis útrikt. De priis, ynsteld nei’t de provinsje yn 2012 de Fedde Schurerpriis ôfskaft hat, is om bar ornearre foar in proaza- en poëzydebút.
De sjuery, besteande út Elske Kampen, Albertina Soepboer en Jacobus Q. Smink, is mei miene stimmen ta syn oardiel kommen en beskriuwt ‘leech hert yn nij jek’ as ,,in spannende bondel, dêr’t alles yn brûkt en ynset wurdt om goede poëzy te meitsjen en dy’t der beslist om freget faker as ien kear lêzen te wurden’’.… Lês fierder

Aginda 10-06-17: Literêre rûte Feanwâlden

logo.ensafh

 

 Literêre rûte Feanwâlden

Op sneontemiddei 10 juny 2017 hâldt literêr tydskrift ensafh in literêre rûnlieding troch Feanwâlden en omkriten. Wy starte om 14.00 oere, op ’e fyts, by it stasjon. De gids is Jelma Knol, ynwenner fan Feanwâlden en redakteur fan ensafh. De tocht duorret sa’n oardel oere.

Jo gids op 10 juny

Feanwâlden is in echt skriuwersdoarp. Wy geane fansels by in pear plakken lâns dy’t in rol spylje yn it wurk fan Theun de Vries, mar benammen al dy oare Fryske skriuwers, dy’t hjir wenne hawwe of wenje, komme no ris oan bar, fansels mei harren wurk: Durk van der Ploeg, Lipkje Post-Beuckens (Ypk fan der Fear), Douwe Kootstra, Bertus Klazinga, folksdichter Tsjipke Postma en oaren.… Lês fierder

Teleks: Literatuerkursussen by Tresoar neijier 2017

logo.ensafh

Poëzij
Dichter en essayist Abe de Vries is ien dy’t yn heldere taal oer poëzij prate kin. Dat makket him útsoarte kwalifisearre om begjinnend talint paadwiis te meitsjen by it skriuwen fan poëzij. Nei syn idee is dat foar in grut part ambacht, in fak dat je leare kinne. Kursus fan fiif jûnen. (Nr 1.)

Proaza – roman
Jetske Bilker is romanskriuwster yn ieren en sinen mei in goede technyk fan plot en opbou. Dêrom begjint se dit jier mei in kursus oer it ûnderwerp: hoe skriuw ik in roman? Wurkje oan in roman ferget oare kwaliteiten as it skriuwen fan in ferhaal.… Lês fierder

Teleks: Which language would ease our way in the post-Brexit world?

logo.ensafh

We Brits are pretty settled in our role as monoglots. Our default tactic of “speak English slowly and loudly so others can understand you” served us well enough – and then Jean-Claude Juncker, president of the European commission, put the boot in by claiming recently that “English is losing importance.”

Is this really the case? Experts are divided.

L6es fierder (doch dat) by The GuardianLês fierder