Teleks: Fjouwer Fryske skriuwplannen foar Maribor yntsjinne

logo.ensafh

De deadline foar it yntsjinjen fan skriuwplannen foar de Sloveenske stêd Maribor is ôfrûne wykein ferstrutsen. Wy hawwe fjouwer plannen binnenkrigen. Op freed 2 juny komt de Fryske sjuery byelkoar om it yn har eagen bêste foarstel te kiezen. Yn ’e wike fan 5 juny meitsje wy it beslút fan de sjuery bekend en witte jimme hokker Fryske skriuwer tusken septimber en desimber 2017 acht wiken nei Maribor ta sil. It is it fjirde Fryske skriuwersferbliuw yn it ramt fan Other Words / Oare Wurden. André Looijenga siet yn ‘e simmer fan 2016 yn de Masedoanyske stêd Bitola, Bart Kingma yn ‘e hjerst fan 2016 yn de Baskyske stêd San Sebastian en de Biltske skriuwer Gerard de Jong sit op dit stuit yn dyselde stêd.… Lês fierder

Aginda 03-06-17: De trekker fan Troje yn Snits

logo.ensafh

De trekker fan Troje yn Snits

Sneon 3 juny is skriuwer/muzikant Hein Jaap Hilarides yn boekhannel Van der Velde yn Snits. Hy lêst foar út syn nije roman De trekker fan Troje. Ek spilet hy boogiewoogie en Gypsy Swing op de piano mei Bokke Rijpma op Spaanske gitaar. It programmaatsje wurdt werhelle.
‘Identiteit, de Fryske saak, leafde en wraak binne de tema’s fan dizze roman dy’t lêst as in thriller.’

Snits – boekhannel Van der Velde
Sneon 3 juny – 14.00-16.00 uur, fergees… Lês fierder

Aginda 15-06-17: Poëzie Avond in De Oldehove

logo.ensafh

Poëzieavond met o.a. Edwin de Groot (dichter), Sake Hijlkema (muzikant) en verhalenvertellers.

Donderdag 15 juni Poëzie Avond in De Oldehove, eerste verdieping.

Ter gelegenheid van Sint Vitusdag organiseert Historisch Centrum Leeuwarden een speciale poëzieavond in de Oldehove, de scheve toren van Leeuwarden op donderdag 15 juni 2017. Een avond met dichters, verhalenvertellers en muziek. Aan het begin van de avond dragen leerlingen van OBS De Oldenije een eigengemaakt gedicht voor.

Edwin de Groot (1963) dicht in het Fries en het Nederlands. In 2016 is op de valreep zijn vierde Friestalige bundel bij de Afûk verschenen en zal de Nederlandstalige uitgeverij In de Knipscheer uitkomen.… Lês fierder

Teleks: Miljoenen euro’s ekstra foar Kulturele Haadstêd

logo.ensafh

De provinsje en de gemeente Ljouwert wolle yn totaal goed 7.550.000 euro ekstra stekke yn Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd. Sûnder dat ekstra jild kinne de doelstellingen fan it projekt net helle wurde, sa sizze de provinsje en de gemeente Ljouwert. Provinsje en gemeente moatte ta de bûse omdat der minder jild binnen komt as dêr’t yn it foar op rekkene wie. Der kin ek net mear besunige wurde op de programmearring fan Kulturele Haadstêd 2018.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Leeuwarder schrijver André Keikes wint essayprijs

logo.ensafh

De Leeuwarder journalist en schrijver André Keikes is dit jaar de winnaar van de prestigieuze Jan Hanlo Essayprijs Klein.

Een vierkoppige jury wees uit veertig inzendingen Keikes’ werk ‘De waan van vrede in het park’ als beste aan. De Leeuwarder, gewezen journalist bij de Leeuwarder Courant, verdiende hiermee een trofee en een bedrag van 1500 euro.

Lês fierder by de Leeuwarder CourantLês fierder