Teleks: Provinsjale subsydzje foar game Oera Lindaboek fan Afûk

logo.ensafh

De provinsje lûkt goed 140.000 euro út foar de ûntwikkeling fan in kompjûterspultsje oer it ferneamde Oera Lindaboek. It spul moat fergees beskikber wêze foar smartphones. Doel is om it ek foar it ûnderwiis brûkber te meitsjen. Sa wol de provinsje de Fryske taal en skiednis by bern en jongerein ûnder de oandacht bringe.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: SIS TSIIS tsjin untheffingen underwiis yn it Frysk

logo.ensafh

De boargeraksjegroep Sis Tsiis makket by Deputearre Steaten offisjeel beswier tsjin it beslút om skoallen ûntheffing jaan te kinnen foar it ûnderwiis yn it Frysk. Dat it ûntheffingsbelied net rjochtmjittich is, ûnderbout Sis Tsiis mei tal fan arguminten yn it oan DS rjochte beswierskrift, dat yn ôfskrift ek oan de Steateleden tastjoerd is.

L6es fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Dr. Joast Halbertsmapriis foar Hotso Spanninga

logo.ensafh

Dr. Hotso Spanninga hat de Dr. Joast Halbertsmapriis krigen. Spanninga krijt de provinsjale priis foar syn dissertaasje ‘Gulden vrijheid? Politiek, cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600 – 1640’. Neffens de sjuery leveret it wurk fan Spanninga in weardefolle bydrage oan sawol de Fryske skiedskriuwing as it algemiene wittenskiplike debat. De Dr. Joast Halbertsmapriis bestiet sûnt 1947 en wurdt alle fjouwer jier útrikt. De priis bestiet út in bedrach fan 10 tûzen euro.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Jan Bijlsma en Michel Zuidema winners Ferhalewedstryd 2017

logo.ensafh

Michel Zuidema en Jan Bijlsma fan De ‘Pein binne de winners fan de Ferhalewedstryd 2017. Zuidema is winner foar de jongerein-edysje mei syn ferhaal ‘De Bakstien’. Bijlsma wûn mei syn ferhaal ‘Jan-Pyt, Joris en Corneel’. De prizen bestiene ut in lytse jildpriis en in yllustraasje dy’t spesjaal makke is by it ferhaal.

Fan links nei rjochts: winners Jan Bijlsma en Michel Zuidema mei Harmen Houtman (2e pr. folw.) en Tryntsje van der Veer (3e pr. folw)

​By de folwoeksenen gong de twadde priis nei it ferhaal ‘Niet langer wit…’ fan Harmen Houtman (yn it Stellingwerfsk) en de tredde priis nei Tryntsje van der Veer mei ‘Oare streken’.… Lês fierder

Teleks: De Tsjerne en Trotwaer hielendal op ynternet

logo.ensafh

Fryske literatuer op de DBNL
Tresoar en de DBNL wurkje al langer gear. Yn 2010 by de start fan sirkwy kamen 85 Fryske literêre wurken yn de DBNL, letter oanfolle mei noch in oantal titels. Yn ’e mande mei útjouwerij Elikser kamen der ek útjeften op papier en as e-book beskikber ûnder it ymprint TDE (Tresoar-DBNL-Elikser).

Oare tydskriften
Yn de simmer fan 2011 hat Tresoar by de DBNL in oantal komplete jiergongen fan Fryske tydskriften oanlevere. Dy soene stikje by bytsje meinommen wurde yn de grutte stream fan tydskriften dêr’t de DBNL mei oan it digitalisearjen wie. Foar De Tsjerne en Trotwaer is dat no dus úteinliks slagge.… Lês fierder

Teleks: Nieuws van de DBNL – auteursrechtovereenkomst

logo.ensafh

Gevolgen auteursrechtovereenkomst voor DBNL-auteurs
Op 8 mei 2017 ondertekenden de Koninklijke Bibliotheek (KB) en de Nederlandse auteursrechtorganisatie Stichting Lira ten huize van de Auteursbond een overeenkomst waarmee de auteursrechten van schrijvers van in Nederland uitgegeven tijdschriften en boeken die niet meer commercieel verkrijgbaar zijn voor de Digitale bibliotheek voor de Nederlandse letteren (DBNL) collectief worden geregeld. Dankzij dit contract kunnen eerder gedigitaliseerde teksten (voornamelijk uit tijdschriften) nu online beschikbaar worden gesteld en komen de auteurs van de tijdschriftartikelen en boeken vanaf 2017 via Lira in aanmerking voor een vergoeding.

Lês fierder by de DBNLLês fierder

Aginda 26-05-17: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De folgjende FreMiBu jg 16/17 is op freed 26 maaie.

Wa’t it dizze kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke lêste freed fan de moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.… Lês fierder