Aginda 13-05-17: Hein Jaap Hilarides lêst foar út ‘De trekker fan Troje’

logo.ensafh

Zaterdagmiddag 13 mei is Hein Jaap Hilarides in boekhandel Van der Velde in Leeuwarden. In de Slauerhoff-tuin leest hij voor uit De trekker fan Troje. M.m.v. violist Vincent van Dam en Emile Vogels. Tussen 14.00 en 16.00 uur wordt het programmaatje telkens herhaald.
Leeuwarden – boekhandel Van der Velde
Za 14.00-16.00 uur – gratis

Mear ynfo by Hein Jaap HilaridesLês fierder

Teleks: “Paviljoen Lân fan taal sit festivals yn it paad”

logo.ensafh

It gebou fan Lân fan taal op it Aldehoustertsjerkhôf sit de festivals yn de takomst goed yn it paad. Dat seit festivalorganisator Jan Gaastra. It gebou dat der takom jier stean moat, komt oan de eastkant fan it plein. Dêrtroch is der folle minder romte beskikber foar it organisearjen fan festivals. It giet al gau om 30 meter.

Foar festivals dêr’t je entree betelje moatte lykas City Rock of Into the Grave hat dat konsekwinsjes. Der kin folle minder minsken it plein op en dat betsjut minder omset.

It nije gebou kriget in tribune. Neffens Gaastra is dy lang net grut genôch om it ferlies oan romte te kompensearjen.… Lês fierder

Teleks: Doch mei oan de Rely Jorritsma-priis

logo.ensafh

Doch mei oan de Rely Jorritsma-priis

Rely Jorritsma
Skriuwers fan Fryske ferhalen of fersen kinne wer gading meitsje nei in Rely Jorritsmapriis. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach. In bekroand fers of in winnend ferhaal wurdt honorearre mei in jildbedrach fan € 1000,00.

Rely Jorritsma Fûns
Yn syn testamint skreau Rely Jorritsma dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif Fryske gedichten en de bêste fiif koarte ferhalen. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd, yntusken troch de gemeente Littenseradiel. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders foarmet it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns.… Lês fierder

Teleks: Nije wittenskipspriis giet nei jonge taalûndersykster

logo.ensafh

Evelyn Bosma hat de earste Wetenschapsprijs Campus Fryslân wûn. Dat is in oanmoedigingspriis foar jonge, aktive wittenskippers dy’t fernijend ûndersyk dogge.

Bosma sil meikoarten promovearje op har ûndersyk nei de effekten fan twataligens by Fryske bern. Se hat trije jier lang twatalige learlingen tusken de fiif en acht jier testen. Dêrmei hat se nije ferbannen nei boppe helle oer hoe’t it Frysk en it Nederlânsk elkoar beynfloedzje.

De priis sil tenei om it jier útrikt wurde. By de priis heart in jildbedrach fan 10.000 euro. Achttûzen dêrfan is foar it ûndersyk, de oare twatûzen is foar de ûndersiker sels.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Lida Dykstra skriuwt Aksjeboek foar bern 2017

logo.ensafh

In bysûnder aksjeboek dit jier. Oer de ferneamde eksoatyske dûnseres Mata Hari.

Lida Dykstra skriuwt it ferhaal, wêryn’t it libben fan de yn Ljouwert as Margaretha Geertruida Zelle berne dûnseres sintraal stiet, foar de boppebou fan de basisskoalle. It wurdt in ryk yllustrearre sjochboek. De yllustraasjes wurde makke troch Natascha Stenvert.

Lês en sjoch fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Nummer 66 van Kreuze online

logo.ensafh

Der is weer n nije oetgoave van t digitoale tiedschrift Kreuze. Ons webstee het diskeer 26 bladzieden mit verhoalen, gedichten, nijs en aander schrieverij in de Grunneger toal.

De biedroagen binnen van Henri Wierth, Henk Puister, Ab Detmers, Rients Faber, Bert Wijnholds, Nane van der Molen, Willy Westerdijk, Bert Weggemans, Jan Nomden, Joop Klompien, Jil Wildenga, Rieks Holtkamp, Willem Friedrich, Pim de Noues, Aukje Tillema, Jakob Arbeider, Trijnko Pelgrim, Tiny Veldhuis, Coby Poelman-Duisterwinkel, Jan Huttinga, Klaas van Zonneveld, Anna de Vries-Maarhuis, Roel Sanders en Bram Wiekens.

Joargang 12, nummer 66 van Kreuze is vanòf nou te lezen op http://www.kreuzekeuze.nl/.… Lês fierder