Teleks: Dichtbundel Wiebe Dooper gepresenteerd

logo.ensafh

Cultuurwethouder Mirjam Bakker en stadsdichteres Hillie van Brug ontvingen gistermiddag in boekhandel van der Velde de eerste dichtbundel van Wiebe Dooper. ‘Het doet ertoe’ luidt de titel van het boekje, dat 106 pagina’s telt en bijna vijftig verzen.

Het Friese landschap is een terugkerend element in de poëzie van Wiebe Dooper. Satire kenmerkt de bundel door onder meer de verzen ‘GaastraJas’ en ‘Biobak’.

Lês fierder by it Sneeker NieuwsbladLês fierder

Aginda 31-05-17: 4de Jan Ritskes Poëzij-jûn

logo.ensafh

20:00-22:00 uur: 4de Jan Ritskes Poëzieavond. Informele gezellige avond met voordrachten dichters Abe de Vries, Sigrid Kingma en Gerda van der Wijk. Optreden van Wâlddichter/sjonger Meindert Talma en troubadour Melle Leegstra. Entree: € 7,00; jongeren t/m/ 18 jaar gratis Locatie: Simke Kloostermanhûs, Tsjerkebuorren 27, 9286 EZ Twijzel.

Boarne: Stichting Keunstkrite Twizel Lês fierder

Teleks: Petear mei Edwin de Groot

logo.ensafh

Feandichter Edwin de Groot fielt him frij om te skriuwen wat er wol

Henk van der Veer- GrootHeerenveen, maart 2017

Yn april 2016 waard Edwin de Groot(1963) út Aldehaske beneamd as Feandichter en hy folge hjirmei Harry de Jong op. Wat hat in jier Feandichterskip him en de gemeente It Hearrenfean brocht? Foldocht it De Groot om Feandichter te wêzen? Makket er ek gebrûk fan de opsje om noch in jier de funksje fan Feandichter út te oefenjen? Oer dat lêste kinne we koart wêze: “Ik haw mij noch in jier beskikber steld”, fertelt Edwin thús yn Aldehaske oan GrootHeerenveen.
Oars wol in bytsje apart dat de Feandichter buten de gemeentegrizen wennet, want Aldehaske heart dochs echt by de gemeente De Fryske Marren.… Lês fierder

Teleks: Oprop Skripsjepriis 2016-2018

logo.ensafh

De Fryske Akademy hat in twajierlikse priis foar it bêste skripsjeûndersyk op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer. De Skripsjepriis waard ynsteld by it fyftichjierrich bestean fan ’e Fryske Akademy yn 1988, mei as doel om studinten dy’t wittenskiplik ûnderwiis folgje in oantrún te jaan har ûndersyk op Fryske tema’s te rjochtsjen. De priis is in som fan 1000 (tûzen) euro.

Studinten fan ’e universiteit kinne oant 1 juny 2018 harren masterskripsje ynstjoere foar de Skripsjepriis. Der binne in tal betingsten:

Lês fierder by NeerlandistiekLês fierder

Teleks: Tsjêbbe Hettinga: earste fjouwer bondels as pdf beskikber

logo.ensafh

Mei it ferskinen fan it samle wurk fan Tsjêbbe Hettinga komt de tekst fan syn ier wurk út de jierren santich, begjin jierren tachtich ek wer beskikber.

It giet om de folgjende fjouwer bondels:
Yn dit lân, 1973
Loft- Lân- & Seefersen, 1974
Fan lân loft en leafde, 1975
Tusken de bedriuwen troch is âlderdom, 1981

Yn dy bondels binne ek yllustraasjes opnommen, yn de earste trije fan Jelle Kaspersma, yn de lêste fan Joke van der Hei. De tekst is ek almeast skreaun mei de hân yn plak fan útfierd yn printletter. Jelle Kaspersma skreau de earste twa bondels op, dy út 1981 is kalligrafearre troch Lidy van Everdingen.… Lês fierder