Aginda 07-05-17: Presintaasje ‘De trekker fan Troje’ fan Hein Jaap Hilarides

logo.ensafh

Geachte heer/mevrouw,

Op zondagmiddag 7 mei presenteer ik de roman De trekker fan Troje.

Het verhaal is geïnspireerd door de boerenacties van 1990. Boeren trokken toen massaal op naar Den Haag om op te komen voor een betere graanprijs. Een ander thema van het boek is de Friese identiteit in het postmoderne Europa.
Een aantal sprekers heeft zich bereid gevonden om over deze onderwerpen iets te zeggen.

Programma*:

Jan van Friesland (Uitgeverij Bornmeer)
Hein Jaap Hilarides (De trekker fan Troje)
Alpita de Jong (Willem van Haren)
Jan Mulder (Europarlement)
Emile Vogels (boerenacties 1990)
Europarlementiër Jan Huitema zal een bijdrage leveren in een videoboodschap.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke April 2017

logo.ensafh

Poëzij

Arjan Hut
Aurora Bossa Nova
Afûk, Ljouwert 2016
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789492176448

Yn de fjirde bondel fan Arjan Hut binne de gedichten noch altyd dreamerich, is de taal boartlik, en wurde ideeën útwurke yn in ferskaat oan foarmen. De fersen binne binne tagonkliker as earder, mar net minder poetysk.

Edwin de Groot
Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see
Afûk, Ljouwert 2016
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789492176462

 

Dizze bondel fan Edwin de Groot is in hommaazje oan twa rigels fan de Poalske dichteres Wislawa Szymborska:

Je bent – je moet voorbijgaan.
Je gaat voorbij – en alles is oké.Lês fierder

Teleks: Dichtrigel fan Tsjêbbe Hettinga op kademuorre Burchwert

logo.ensafh

Op de renovearre kademuorre yn Burchwert is freedtemiddei in dichtrigel fan Tsjêbbe Hettinga ûntbleate. It giet om de rigel ‘Jonge, lytse jonge, rop my, rop my werom, werom’. De hanneling waard ferrjochte troch wethâlder Mirjam Bakker en neiste famyljeleden fan de bline dichter. Hettinga, hikke en tein yn Burchwert, ferstoar yn 2013 op 64-jierrige leeftiid.

Hy krige foar syn wurk talleaze prizen, lykas yn 2001 de Gysbert Japicxpriis foar de bondel ‘Fan oer see en fierder’. Ek wûn hy trije kear de Rely Jorritsmapriis. Hettinga syn wurk is oerset yn it Hollânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Dei fan de Fryske taalkunde

logo.ensafh

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier foar de achtste kear de Dei fan de Fryske taalkunde. Dat sil wêze op freed 27 oktober 2017. De lokaasje wurdt letter bekend makke.

De Dei fan de Fryske taalkunde is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde. Yn lêzingen kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy’t hearre ta de West-Germaanske taalfamylje. Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar de lêzing, 10 minuten foar fragen).… Lês fierder

Aginda 28-04-17: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De folgjende FreMiBu jg 16/17 is op freed 28 april.

Wa’t it dizze kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke lêste freed fan de moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid.… Lês fierder