Aginda 08-04-17: Presintaasje ‘By ús yn de Mersken’

logo.ensafh

In MFC De Wier in Ureterp vindt zaterdag 8 april om 13.30 uur de presentatie plaats van het boek By ús yn de Mersken, geschreven door Pauline Koenders uit Ureterp.|

Burgemeester Ellen van Selm van de gemeente Opsterland neemt het eerste exemplaar in ontvangst.

Het boek By ús yn de Mersken is een levensverhaal, familiegeschiedenis en streekgeschiedenis ineen. Persoonlijke en ontroerende verhalen over het leven van twee Friese boerenzoons en hun vader in de Crisisjaren, de Tweede Wereldoorlog en de Wederopbouw. Begrijpelijk geschreven, herkenbaar en dicht bij de beleving van alledag.

Sjoch foar mear ynformaasje by de Drachtster CourantLês fierder

Teleks: Lieske Salverda wint Grut Frysk Diktee 2017

logo.ensafh

Lieske Salverda (64 jier) út Gytsjerk hat it Grut Frysk Diktee 2017 wûn. Fan de 35 dielnimmers dy’t harren kwalifisearre hiene, kaam sy mei 7,5 flaters as bêste út de bus. Sy wie út ‘e skroeven mei de útslach. “It ferbaast my. Ik fûn it makliker as oare kearen, mar wol lestich, want wat skriuwst mei in haadletter, en wat moat los of net? Mar ik bin der bliid mei. It wie in moai diktee, ien fan de bêste dy’t we oant no ta hân ha.”

De earste priis bestiet út in ‘Gouden dakje’ en in pinne mei ynskripsje. Twadde wie Agatha Hijlkema mei 8 flaters en op plak trije stiene trije minsken mei allegear 8,5 flaters: Freerk Postmus, Grytsje Kingma en Rinkele Hollema.… Lês fierder

Teleks: Dykhúske Flylân wurdt ûnderkommen foar keunstners

logo.ensafh

It dykhúske achter it Museum Tromp’s Huys wurdt ferboud ta ‘Monument en Bed’. It sil yn de simmer ferhierd wurde oan toeristen en is de rest fan it jier beskikber as ûnderkommen foar keunstners, skriuwers en wittenskippers. Monuminte-organisaasje Vereniging Hendrick de Keyser hat de ôfrûne moannen in plan opsteld foar de restauraasje fan it húske út de jierren ’60. Dat wurdt ynrjochte yn de styl fan dy jierren.

De dykwenning waard yn 1962 boud op it plak fan it eardere houten skildersatelier.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Teleks: ‘Wapper’ en ‘Het meisje met de rode paraplu’ sille op reis nei Bratislava

logo.ensafh

De seleksjekommisje hat stapels boeken troch de hannen hân en nei lang oerlis is in seleksje fan mar leafst fyftjin boeken makke dy’t ynstjoerd wurde sille foar de tentoanstelling. En dêr sitte ek twa fan Fryske útjouwers by. Yke Reeder makke de yllustraasjes foar it Frysk printeboek fan it Jier 2016, Wapper (Tresoar/Afûk, Ljouwert) en Roelof van der Schans foar, Het meisje met de rode paraplu (Aed Levwerd/Wijdemeer, Ljouwert).

Lês fierder by it Fryske BerneboekLês fierder