Aginda 19-03-17: Leeuwarder Poëzie Middag

logo.ensafh

De Ljouwerter Poëzijjûn (-middei) bestiet dizze moanne tsien jier. Fan 22 maart 2007 ôf organisearre muzikant en dichter Melvin van Eldik se yn teater De Bres en ATTEL-J mei dichters, ferhalefertellers en muzikanten, bekend en minder bekend, út hiel Nederlân. Mear as 39 ôfleverings binne foarbykaam; de fjirtichste edysje is sneintemiddei 19 maart yn De Bres.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 01-04-17: Nacht fan de Filosofy

logo.ensafh

Sneon 1 april wurdt foar de tsiende kear de Nacht fan de Filosofy Fryslân holden. In jubileum dat op ferskate lokaasjes mei mear as tweintich sprekkers en artysten trije dagen lang wiidweidich fierd wurde sil. De Nacht stiet yn it teken fan de populêrste tema’s fan de ôfrûne jierren dy’t spesjaal foar de gelegenheid op ’e nij oan ’e oarder steld wurde. Op freed 31 maart wurdt in jubileumboarrel holden mei muzyk fan de Poalske band Hengelo. Lokaasje: Tresoar, Ljouwert.

Sjoch foar mear ynfo by It NijsLês fierder

Aginda 31-03-17: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

FreMiBu foar skriuwers en dichters

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De sânde FreMiBu jg 16/17 is op freed 31 maart.

Wa’t it dizze kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke lêste freed fan de moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid.… Lês fierder

Teleks: Boekepromoasje nei de Afûk (Update)

logo.ensafh

Boekepromoasje nei de Afûk

​Provinsje Fryslân hat hjoed bekend makke dat fan 2017 ôf de Afûk de promoasje en de ferkeap fan Fryske literatuer fersoarget. De boekepromoasje wie yn de ôfrûne jierren by Tresoar dellein, de boekeferkeap by Boeken fan Fryslân. Op fersyk fan de provinsje Fryslân en yn oerlis mei Tresoar sil de Afûk dy promoasje- en ferkeaptaken no útfiere.
It bestjoer fan Tresoar hat yn 2016 in oriïntearjend ûndersyk útfiere litten nei it literêr klimaat yn Fryslân. Sintraal elemint fan it advys wie om de promoasje fan de Fryske literatuer oars te organisearjen. It Algemien Bestjoer fan Tresoar hat op 16 febrewaris 2017 mei dat advys ynstimd.… Lês fierder

Teleks: Sjuery bekend fan Ferhalewedstryd

logo.ensafh

Skriuwer Jetske Bilker, berneboekeskriuwer Paul van Dijk en Obe Postmapriiswinner Geart Tigchelaar foarmje de sjuery fan de Fryske Ferhalewedstryd.

It Skriuwersboun organisearret de Fryske Ferhalewedstryd yn gearwurking mei it Friesch Dagblad en Cedin. It tema fan de wedstryd is Gjin Styl!?, nei oanlieding fan it 100-jierrich bestean fan keunststreaming De Stijl.

Foar de winners wurdt in yllustraasje by it ferhaal makke. De keunstners dy’t dit dwaan sille binne (foar de kategory jongerein) Gert-Jan Oosting en (foar de kategory folwoeksenen) Nina Peckelsen.

Deadline foar de ynstjoerings is 15 maart. De útrikking is op 9 maaie yn Museum Dr888.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Nederlânske oersetting ‘Duveldei op Grienlân’ fan Ype Poortinga

logo.ensafh

It Amelân betinkt takom jier walfiskfarder Hidde Dirks Kat.

De Amelanners sille ferskate aktiviteiten organisearje yn 2018, mei Kat as reade tried. Sa komt der in muzyk- en teäterspektakel, in ferhalefestival en in walfiskfeart-filmfestival. Ek wurdt der in fertaling fan it deiboek fan Kat makke en komt der in Nederlânske oersetting fan it Fryske boek ‘Duveldei op Grienlân’ fan Ype Poortinga.

Lês fierder by Omrop Fryslân

 … Lês fierder