Dokumintaasje oer de dichteresse Rixt (Akke Hendrika van Dorssen) út har neilittenskip berêstend by har muoikesizzer Frans Zeilstra.
Te finen by útjouwerij Frysk en Frij: Hjir, hjir en hjir. (Tip: op ‘e foto’s klikke)… Lês fierder
Dokumintaasje oer de dichteresse Rixt (Akke Hendrika van Dorssen) út har neilittenskip berêstend by har muoikesizzer Frans Zeilstra.
Te finen by útjouwerij Frysk en Frij: Hjir, hjir en hjir. (Tip: op ‘e foto’s klikke)… Lês fierder
Nederlân krijt in nije papieren krante. ‘Argus’ wurdt op 6 maart lansearre yn Amsterdam. De twawyklikske krante is in inisjatyf fan âld-haadredakteuren fan Vrij Nederland. Ien fan de meiwurkers is Pieter de Groot, de eardere sjef fan de kultuerredaksje fan de Ljouwerter Krante.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Yn 2017 D.A. Tammingapriis foar poëzydebút
De stifting FLMD sil yn 2017 foar de twadde kear de D.A. Tammingapriis foar Fryske literêre debuten útrikke. Gading kin makke wurde troch dichters, dy’t yn de perioade 1-1-2012 o/m 1 april 2017 debutearren mei in dichtbondel. Allinnich oarspronklik Frysktalich wurk komt yn de beneaming. De winner krijt in jildbedrach fan € 3000 en in oarkonde.
Yn 2012 krige Elske Kampen de Fedde Schurerpriis foar har bondel ‘fan glês it brekken’. Hja wie de lêste winnares, want de Provinsje Fryslân woe debuten net langer honorearje: de Fedde Schurerpriis waard stopsetten. De stifting FLMD fynt it lykwols tige wichtich dat literêre debuten yn de Fryske taal rom omtinken krije, en stelde de D.A.… Lês fierder
De Groate Kerk in Sint Jacobiparochie is zondag 5 maart vanaf 15.30 uur het toneel van Stimd Slik.
Kunstschilder Hendrik Elings maakt dan live een schilderij. Dat wordt levensgroot geprojecteerd.
Tijdens de ongeveer vijftien minuten durende schildersact leest (liedjes)schrijver Hein Jaap Hilarides een gedicht voor op muziek en speelt hij een lied. Het liedjesprogramma is opgebouwd rondom Stimd Slik. Dat is een boek met beeldende kunst en poëzie, waarvoor Elings en Hilarides de Bildtse Kultuurpriis 2014 kregen.
Het duo wordt in de voorstelling bijgestaan door saxofonist Hans Wijnbergen. Fotograaf Henk Bleeker brengt de voorstelling in beeld met live stream foto en video art.… Lês fierder
Berjocht fan Geart fan der Mear syn Facebook: ‘Sa komt it nije boek oer OBE POSTMA fan Tineke Steenmeijer-Wielenga en mijsels derút te sjen – ferskynt op 14 maart.’

Flaptekst:
In libben dat bloeide nei syn aard is in twillingboek oer it libben en wurk fan de bekende Fryske dichter en wittenskipsman Obe Postma (1868-1963). It earste diel, ‘Al wat ik skriuw, dat is wier bard’ is skreaun troch Tineke Steenmeijer-Wielenga en behannelet Postma syn libben, syn komôf en famylje. Brieven en argyfstikken binne hjir wichtige boarnen foar in protte nijsgjirrige feiten oer Postma en syn warberens op it gebiet fan poëzij en wittenskip.… Lês fierder
Fryske skriuwsters op paad op freed 24 febrewaris 2017 yn Stiens
Op freedtejûn 24 febrewaris sille Elske Kampen, Jantsje Post en Janneke Spoelstra foarlêze út en fertelle oer harren wurk, yn Kultureel Sintrum De Skalm yn Stiens.
Op in trochsnee dichtersjûn of skriuwersbarren binne froulju faak ûnderfertsjintwurdige. Hjir wurde de saken noris omdraaid.
Sjonger-gitarist Jan Braaksma soarget foar muzikaal tsjinwicht.
Ynrin: 19:30 oere, Kultureel Sintrum De Skalm, Pyter Jurjensstrjitte 17, Stiens.
Oanfang: 20:00 oere.
Tagong: fergees.
Oer de skriuwsters:

Elske Kampen (1955) wennet yn Gytsjerk. Nei har fyftichste begûn se mei dichtsjen, neidat se in kursus by Tresoar folge hie. Se publisearret û.o.… Lês fierder
It prizejild fan de Rely Jorritsmapriis wurdt flink heger. It winnende fers smyt tûzen euro op, dat wie twahûndert euro. Foar de skriuwer fan it winnende ferhaal leit ek tûzen euro klear, oant no ta wie dat achthûndert euro. Mei elkoar giet it om tsientûzen euro. It Rely Jorritsma Fûns woe it priisjild lyk lûke. Boppedat is der mear jild beskikber.
De prizen foar de Junior Rely, foar bern tusken de 12 en 18 jier, bliuwe gelyk. De Junior Rely wurdt fan 2018 ôf organisearre troch de Afûk. Dy past net yn it fûns, fynt it bestjoer.