Fiif jier lyn hat de ‘stichting Krúspunt’ de Bernard Smilde priis ynsteld. Elk jier waard der in nij tema útsocht dêr’t it yn te stjoeren liet of fers oer gean moast.
It tema foar 2017 is “jûnsliet”.
De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op muzyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt.
De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin.
It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen.… Lês fierder

