Teleks: Yn 2017 nije ferzje fan Sirkwy

logo.ensafh

Mids novimber 2016 krige de redaksje fan sirkwy fan de webbouwer en hoster fan de site it berjocht dat it cms (it behearsprogramma) mei yngong fan 2017 net langer stipe wurdt. Dat betsjut dat sirkwy yn 2017 in nije opset ha moat, sawol yn it oansjen foar de brûkers as oan de ‘achterkant’. De winsken dy’t der altyd al wiene om sirkwy by de tiid te bringen binne sadwaande yn in streamfersnelling kommen. Tresoar-webredakteur Inge de Vries hat in nij ûntwerp makke. De opset dêrfan is ienfâldiger as sirkwy fan no. Foardiel is dat alle sykfunskjes en links skylk wer wurkje.… Lês fierder

Teleks: Sis Tsiis hâldt yn Ljouwert in manifestaasje foar it Frysk

logo.ensafh

De boargerinisjatyfgroep Sis Tsiis organisearret tongersdei yn de binnenstêd fan Ljouwert in manifestaasje foar mear en better Frysk ûnderwiis. De aksjegroep wol mei in fakkeloptocht troch de stêd omtinken freegje foar in folle rommer plak foar it Frysk op skoalle en mear trijetalige skoallen.

De tocht begjint jûns om 18.30 oere op it Saailân. Under oaren Gerrit Breteler, Wout Zylstra en Gurbe Douwstra dogge mei oan de fakkeloptocht. Tsientallen Fryske promininten stypje Sis Tsiis.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 23-12-16 Presintaasje ‘Brieven oan dy’ fan Tryntsje van der Veer

logo.ensafh

Op freed 23 desimber presintearret Tryntsje van der Veer har nije novelle ‘Brieven oan dy’ yn Jorwert Nijkleaster en de Ingelske oersetting ‘Letters to you’. In novelle mei CD oer lositte, langstme en fertrouwen.

​Freed 23 desimber 2016
Jorwert Nijkleaster
​ynrin 16.30, gearkomste 17.00 – 18.30

Komst graach trochjaan oan tjallienkalsbeek@outlook.com… Lês fierder

Aginda 28-12-16 Sympoasium Kryst Kongres 2016

logo.ensafh

Sympoasium Kryst Kongres 2016

Ek dit jier organisearre wy as krystkongres kommisje wer in geweldich sympoasium. It tema dit jier is: “De Fryske Identiteit”. Wy wolle antwurd op de fraach: Bestiet de Fryske identiteit? En sa ja wat is dizze identiteit? Ek dit jier hawwe wy wer in oantal geweldiche sprekkers regele hokker wy bekend sille meitsje yn de lêste wiken nei t sympoasium.
Dit sympoasium is foar elkenien tagonklik, dus liket ’t jo aardich om tegearre mei ús, de leden fan FFJ Bernlef, WSSFS en de sprekkers fan miening te wikseljen oer dit tema. Twivel dan net en kom gesellich nei ús sympoasium.… Lês fierder

Teleks: Fryslân hat al 1200 ideeën foar Kulturele Haadstêd

logo.ensafh

Oant no ta binne der sa’n 1200 ideeën foar ‘mienskipsprojekten’ binnen kommen foar Kulturele Haadstêd 2018. En dat tal nimt stadichoan noch hieltyd ta. De organisaasje filteret de kommersjele aktiviteiten en ferhoalen sollisitaasjes derút. Fan de 840 oerbleaune plannen is sa’n bytsje de helte spesjaal betocht foar KH2018. De oare helte bestiet út besteande eveneminten, lykas iepenloftspullen, doarpsfeesten, keunstrûtes en alvestêdetochten op alle mooglike manieren.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder