Teleks: Fiif winners Rely Jorritsmapriis 2026

logo.ensafh

Ien ferhaal en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. By it ferhaal giet it om ‘In Portugeesk ythûs’ fan Sytse Jansma (Harns).

It winnende gedicht fan Geart Tigchelaar (Jorwert) hat gjin titel. De oare winnende gedichten binne ‘De seepappegaai seit: ‘Uhh…’ ‘ fan Janneke Spoelstra (Alde Leie), ‘reidseame’ fan Marije Roorda (Broek) en ‘Skilderles’ fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 72ste kear útskreaun waard, wienen 91 ynstjoeringen ynkommen, te witten 34 ferhalen en 57 gedichten. De sjuery bestie diskear út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra.

De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt yn it Mammemahûs te Jellum.… Lês fierder

Teleks: Friestalige videoclip ZEA genomineerd voor award bij poëziefestival Poetry Film Tage in Weimar

logo.ensafh

De poëtische videoclip bij het Friestalige nummer Komt ien oan, afkomstig van de plaat In lichem fol beloften (2025) van ZEA, is genomineerd voor de New Talents Award door het Poetry Film Tage festival in Weimar (DE). Dit internationale kortfilmfestival vindt dit jaar van 4 t/m 6 juni plaats en brengt poëzie en film samen. Het album, waarop Zea samenwerkt met de zestienkoppige drumband Hallelujah Makkum, werd afgelopen november uitgebracht en is zowel in binnen- als buitenland bekroond met lovende recensies en onder andere gedraaid op de BBC. De liveshow en het album met bijbehorend boek met teksten is een project van ZEA (Arnold de Boer), Makkum Records en Subroutine in samenwerking met Explore the North en Popfabryk.… Lês fierder

Teleks: Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

logo.ensafh

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut: “Margaretha Zelle waard as dûnseres Mata Hari wrâldferneamd. Wa wie sy no werklik? Wat bliuwt der nei de dea fan in minske hingjen?”

Stêd yn ’e noardewyn

op de brêge tusken pleasure plaza (diskreet
en persoonlijk) en burrito brothers
stiet it brûnzen byld fan in dûnseres,
momintopname
fan ien yn fleurige beweging

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Simmerskema ensafh 2026

logo.ensafh

01-06-2026

Bêste lêzer,

yn Juny, July en Augustus sille der net om de trije dagen, mar ien kear yn ‘e wike, op woansdei, nije bydragen pleatst wurde. Ynsidinteel kinne der ek oare (aktuele) bydragen publisearre wurde.

De earstfolgjende publikaasje is op 04-06-2026.

De nijsfoarsjenning (Nijs en blogs) giet gewoan troch.

Redaksje ensafhLês fierder