Teleks: ‘Oader’ nieuw online Groningstalig Literair tijdschrift

logo.ensafh

Maandag 12 december gaat Oader online. Met Oader is er weer een nieuw Groningstalig literair tijdschrift, een online podium voor nieuwe Grunneger literatuur. Nadat Tiedschrift Krödde vorig jaar december haar laatste nummer uitbracht zijn er plannen ontwikkeld voor een nieuw tijdschrift. Aardig is te vermelden dat Oader mede mogelijk gemaakt is met het geld dat nog in kas was bij Krödde. Zo krijgt het nieuwe podium een zetje in de rug van het oude.

Lês fierder by WeblougLês fierder

Teleks: Wedstriid Krystferhaal

logo.ensafh

Tekst: Facebook fan Willem Schoorstra

Witte jim it noch, bêste minsken, it ultrakoart krystferhaal yn fiif regels fan foarich jier? Wolno (roffeljen op tromme) dy wedstryd is werom! Mei omdat der links en rjochts nei hifke waard hat de sjuery besletten dy wedstryd wer op te túgjen. Krekt as foarich jier krijt de winner, behalve de ivige rom, in flesse wyn út hannen fan de sjueryfoarsitter.

Meidwaan is ienfâldich. Skriuw in oan kryst relatearre ferhaal yn fiif (5) regels fan min ofte mear gewoane lingte. Yn it Frysk (dialekten wolkom en graach), it Nederlânsk of it Ingelsk. Dat is it. Makje, no?… Lês fierder

Teleks: “Ried fan tafersjoch Fryske Akademy funksjonearret net”

logo.ensafh

De ried fan tafersjoch fan de Fryske Akademy funksjonearret net, de sinteraasje is ûndúdlik en der driigje ûntslaggen. Dêrom ha twa leden fan de ried fan tafersjoch har funksje dellein. Dat skriuwt de Ljouwerter Krante.

It bestjoer fan de Akademy hâldt him neffens de opstapte leden net oan de statuten. Ynsidinteel jild wurdt brûkt foar strukturele útjeften, lykas salarissen. As dat jild op rekket, kin dus net elkenien mear betelle wurde. Der rint no in evaluaasje nei it funksjonearjen fan de ried fan tafersjoch.

Dy moat begjin takom jier klear wêze.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Frysk sjongfestival Liet wint Bernlefpriis 2016

logo.ensafh

It Fryske sjongfestival Liet is de winner fan de Bernlefpriis 2016. Deputearre Sietske Poepjes rikte de priis freedtejûn út yn it Ljouwerter popsintrum Neushoorn. De winner krige by de útrikking fan de Fryske Popawards in priis fan 1500 euro.

Oare nominearren wiene ûnder oaren Wiebe Kaspers en Nynke Laverman. De Bernlefpriis wurdt jierliks útrikt. Mei de priis wol de provinsje it Frysk yn de popkultuer stimulearje. Liet wurdt sûnt 1991 hâlden. Dielnimmers moatte yn it Frysk of in streektaal sjonge.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder