Teleks: Gerben Abma ferstoarn

logo.ensafh

Yn Amsterdam is histoarikus en skriuwer Gerben Abma (1932-2016) ferstoarn. Abma kaam út in grutte boerehúshâlding yn Folsgeare. Hy studearre teology en skiednis oan de Universiteit fan Amsterdam, letter studearre er ek Frysk. Hy wurke as learaar skiednis en Frysk yn Ljouwert en Snits. Yn de jierren sechstich skreau er in oantal moderne romans, mar it kaam net ta in literêre trochbraak. Hy wie ek ien fan de inisjatyfnimmers fan it polemyske tydskrift A-wyt dat bestie fan 1967-1969. Yn 2005 folge noch syn roman De Brek.

Lês fierder by It Nijs. Sjoch ek by Sirkwy oer it ferstjerren fan Gerben Abma.… Lês fierder

Teleks: Jamila Faber kommende twa jier stedskeunstner Ljouwert

logo.ensafh

Jamila Faber út Ljouwert is de kommende twa jier de stedskeunstner fan Ljouwert. Sy waard tiisdei beneamd troch boargemaster en wethâlders. It kolleezje naam it advys fan de sjuery oer. De bestie út dichter Arjan Hut, kultuerredaktuer Diane Romashuk fan it Frysk Deiblêd en skriuwer Annemarie Lindeboom.

Faber is sawol skriuwer as muzikant en performer. “Zij is autenthiek, zowel als persoon als in haar werk”, neffens de sjuery.

Foar de funksje fan stedskeunstner fan Ljouwert hiene 51 gadingmakkers harren oanmeld. De sjuery socht de trije meast nijsgjirrige kandidaten út en dy hawwe har op freed 25 novimber yn in ‘pitch’ fan tsien minuten presintearre oan ûnder oaren de wethâlder, de sjuery en de parse.… Lês fierder

Aginda 18-12-16: Poëzij en klassike muzyk yn Klameare Warkum

logo.ensafh

Zondagmiddag 18 december organiseren de Gerben Rypma Stichting uit Blauwhuis en St. Cultureel NUT uit Workum gezamenlijk een middag vol klassieke muziek en poëzie in de Klameare te Workum.

De 16-jarige Tim de Vries heeft het vermogen om via zijn vioolspel verhalen te vertellen en is daarmee een van de grootste viooltalenten van Nederland. Hij won onder meer het prestigieuze Prinses Christina Junior Concours en het Britse Vioolconcours.

Tijdens deze middag zal hij onder begeleiding van internationaal pianist Remon Holsbergen enkele prachtige klassieke stukken spelen. Daarnaast zal zijn vader, dichter Abe de Vries, een van de bekendste dichters en essayschrijvers van Fryslan en eindredacteur van het Friesch Dagblad, voordragen uit eigen werk.… Lês fierder

Teleks: Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2017 oansteld

logo.ensafh

Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2017

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn har gearkomst fan 5 desimber 2016 de advyskommisje beneamd foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Dy bestiet út dichter Pieter Boskma, Gerlien van Dalen, direkteur fan de Stichting Lezen, en toanielskriuwer Bouke Oldenhof.

De priis sil takend wurde foar oarspronkelike Fryske poëzij út it tiidrek 2013-2016. Yn totaal binne der in lytse fjirtich dichtbondels om te hifkjen. De titels binne te finen yn de listen ‘Nij ferskynd wurk’ op sirkwy foar de oanbelangjende jierren.
De priis kin ek takend wurde foar in hiel dichtersoeuvre. De foarige dichter dy’t de priis wûn wie Jacobus Q.… Lês fierder

Teleks: Tips foar it perfekte Sinteklazegedicht

logo.ensafh

Foar guon is it gjin muoite en stiet it yn minder as fiif minuten op papier, foar oaren is it in pineholleklus dy’t alle jierren wer langer duorret as earst tocht: it sinteklazegedicht. Ut ûndersyk fan de online-winkel Wehkamp docht bliken dat mar leafst 75 prosint fan de Sinteklazen dit jier gedichten by harren pakjes docht. Dat betsjut lykwols net dat it skriuwen fan dizze gedichten foar elkenien like maklik is. Sa soe 40 prosint fan de minsken stress krije fan it dichtsjen, en komme dizze minsken faak ek yn tiidneed.

By Omrop Fryslân hawwe wy dêrom de help ynskeakele fan in profesjonele dichter, dy’t de Fryske Sinteklazen miskien mei inkelde tips wat stress besparje kin.… Lês fierder

Teleks: Projekten meartalich programma 2018 kinne los

logo.ensafh

Lân fan Taal is ien fan de grutste programma’s om Kulturele Haadstêd 2018 hinne en wurdt lutsen troch de provinsje sels. It programma giet om Frysk, meartaligens en taalbelibbing yn al syn fasetten. Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert wurdt de Taalekspo boud, dy’t it sintrum fan meartaligens yn Europa wurde sil. It gebou is permanint en bliuwt dus nei 2018 stean. It Ljouwerter festival Explore The North nimt dêr de programmearring fan de multymediale tentoanstelling op him, dêr’t € 99.000 foar beskikt is. Bûten de ekspo om sil Explore The North yn 2018 ferskate festivals ûnder de flagge fan Lân fan Taal opsette.… Lês fierder

Teleks: Sjoerd de Vries breekt met Belvédère

logo.ensafh

De Vries (1941) had zijn werk op een ‘meer dichterlijke’ manier willen ophangen. ,,Zodat mensen de zachte kant van Sjoerd de Vries zou worden getoond’’, zegt hij. Vooral het portret van Willem Abma, dat in de opstelling van directeur-conservator Han Steenbruggen een prominente plek heeft gekregen, ervaart hij als storend. ,,Dat is nu het beeld van mijn werk dat mensen bijblijft, die stomme, donkere kop van die Abma.’’ De expositie is nu ,,een derde mijn smaak en twee derde zíjn smaak en daarmee verprutst’’.

Lês fierder by de LCLês fierder