Teleks: Bûsboekje beleanet filmmakker foar gebrûk fan Frysk

logo.ensafh

De redaksje fan it Bûsboekje jout 250 euro oan de dielnimmer oan ‘The 48 Hour Film Project Leeuwarden 2016′, dy’t it meast docht mei it Frysk of in streektaal. Sa wol it Bûsboekje stimulearje dat jonge filmmakkers ûntdekke datst mei in lytse taal ek moaie en suksesfolle films meitsje kinst.

Sa wie ferline jier op it Noardlik Film Festival de IIslânske film RAMS in grutte hit. 48 Hours begjint freedtejûn om acht oere. De dielnimmers hawwe 48 oeren de tiid foar in eigen filmproduksje.

48 Hours wurdt holden yn it ramt fan it Noardlik Film Festival yn Ljouwert. Dat fynt plak fan 9 oant 13 novimber.… Lês fierder

Teleks: Oprop Skriuwersarke 2017

logo.ensafh

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik.… Lês fierder

Teleks: Priiswinners Swalkwedstryd 2016 bekend

logo.ensafh

Priiswinners Swalkwedstryd 2016 bekend

Swalk Frysk op toernee hat in wedstryd ‘Sluvetugen’ útskreaun: wa makket de moaiste slúf? It kreatyfste kevert, de opfallendste enveloppe?

De wedstryd is hâlden yn ferbân mei it Swalktema fan 2016: Brieven. It Kadoboek ‘Neiskrift’ is dit jier in brieveboek, skreaun troch Marga Claus en Aggie van der Meer.

De earste priis is wûn troch: Gea Valk út Ljouwert, dy’t de binnenstêd fan Ljouwert op de slúf tekene hat en de ôfstjoerder ek hiel spesjaal foarmjûn hat. Twads is Marloes Landman út Snits, dy’t it swalkjen oer de wrâld útbylde hat yn kombinaasje mei ôfwikseljend materiaalgebrûk.

Yn de sjuery sitte: Yke Reeder, yllustrator en skriuwster fan it Aksjeboek foar bern ‘Wapper’, Sietze Zwanenburg, foarmjouwer Swalk en Ciska Noordmans, redakteur fan it tydskrift Heit en mem.… Lês fierder

Aginda 11-11-16: presintaasje De Twa Tuorren

logo.ensafh

Het verhaal Updates 9 Donaties 117
2 hours ago
Programma presentatie 11 november 2016

It giet oan!

Jullie hebben het natuurlijk al gezien: de uitgaven van De Twa Tuorren gaat nu definitief door! Alle donateurs die dat mogelijk hebben gemaakt,ben ik ontzettend dankbaar. En je weet: het is nog altijd mogelijk het project te steunen of een luxe editie van het boek te bestellen!

Hieronder plaats ik het programma van de boekpresentatie op vrijdag 11 novemberaanstaande. De presentatie wordt gehouden in de Greidhoekekatedraal te Lollum, Waaksenserwei 4, 8823 SX.

Muzikale medewerking wordt verleend door het duo Wiebe Kaspers en Daan Slagter.… Lês fierder