Der komt definityf in twadde printinge fan it boek ‘Erik of it lyts ynsekteboek’ (2015), de Fryske oersetting (troch Geart Tigchelaar fan Damwâld) fan it ferneamde boek fan Godfried Bomans.
Lês fierder by de Nieuwe Dockumer Courant … Lês fierder
Der komt definityf in twadde printinge fan it boek ‘Erik of it lyts ynsekteboek’ (2015), de Fryske oersetting (troch Geart Tigchelaar fan Damwâld) fan it ferneamde boek fan Godfried Bomans.
Lês fierder by de Nieuwe Dockumer Courant … Lês fierder

Fryslân DOK fan snein 6 novimber ôf
De Ingelsen kenne allegear Shakespeare, alle Dútsers kenne Goethe. Wêrom kenne wy Friezen dan mar amper Gysbert Japicx? De Fryske taal wie yn de 17e iuw op stjerren nei dea. Oant Gysbert Japicx út Boalsert yn it Frysk begûn te dichtsjen. Hy wie sa suksesfol dat hy dêrmei it Frysk fan de ûndergong hoede. 350 jier nei syn dea sjocht Fryslân DOK yn in trijelûk nei wat Gysbert Japicx no krekt foar de Fryske taal betsjutten hat.
Yn de trije ôfleveringen litte wittenskippers, skriuwers en musisy sjen dat elk syn eigen fisy hat op de rol fan Gysbert Japicx.… Lês fierder

Op sneintemiddei 27 novimber wurdt it 350ste Gysbert Japicxjier ôfsletten mei in konsert fan it ferneamde ensemble Camerata Trajectina yn de Martinitsjerke fan Boalsert.
Yn 2003, by de betinking fan it 400ste bertejier fan Gysbert Japicx makke dit ensemble fan âlde muzyk al in cd mei in part fan syn lieten. Hja besochten doe mei santjinde iuwsk Frysk en mei ynstruminten út dy tiid sa ticht mooglik by it orizjineel te kommen. De cd foel sa yn ’e smaak dat dy yn koarte tiid útferkocht wie.
In soad fan Gysbert Japicx syn gedichten binne makke om te sjongen. Sa hat er in tritich lieten skreaun op doedestiids bekende wizen.… Lês fierder
De Fryske app “In wrâldreis yn 80 dagen” is fergees online kaam. It befettet de digitale ferzje fan it Fryske stripboek mei deselde titel, in bewurking fan Jules Verne syn ferneamde 19e-iuwske reisferhaal. De Grinzer/Fryske útjouwer Regaad hat it stripboek earder fan ’t simmer útbrocht; binnen in moanne wie de strip al ta oan de twadde druk.
Ut soarte is de app folle wiidweidiger as it stripboek wêze koe: lûdseffekten, animaasje, in elektroanyske ferzje fan de roman sels (yn in Fryske oersetting) en mear as 40 saneamde ‘ynfopunten’.

Dy ynfopunten befetsje allerhanne eftergrûnynformaasje en meartalige url’s oer de wrâld anno 1872 – it jier dêr’t de fiktive wrâldreis fan de gentleman Phileas Fogg en syn feint Passepartout yn plakfûn.… Lês fierder
Tresoar hat yn septimber foar de tredde kear Swalk Frysk op toernee organisearre . Dit jier wie it Fryske multymediaspektakel mei byld, lûd, muzyk en ferhalen rûnom yn Fryslân te sjen en te hearren. Omdat it waar doe eins te moai wie om binnendoar te sitten, is der besletten om it programma noch ien kear sjen te litten, foar minsken dy’t it yn septimber ûntkaam is.
Sjoch foar mear ynfo by Tresoar… Lês fierder
Op moandei 24 oktober is it wer in spesjale dei foar de bern yn de gemeente Ferwerderadiel. Dan is der wer “Jou in bern in boek”. De bern fan de groepen 8 fan de basisskoallen yn de gemeente krije dan in Frysk boek.
Yn MFA Fjildsicht yn Blije komme de bern fan groep 8 fan de skoallen yn Ferwerderadiel byelkoar. Minne Minnesma fan Loftsiler út Joure komt del om te fertellen oer syn wurk as ballonfarder. De bern krije it boek “De wrâld yn 80 dagen” fan Jules Verne. Jules Verne ( 1828 – 1905 ) syn earste boek kaam út yn 1863: “Cinq semaines en ballon” ( 5 wike yn in luchtballon).… Lês fierder

Kantate “De weareld noch te winnen” fan Eppie Dam
Op 5 novimber om 20.00 oere .wurdt de nije kantate “De weareld noch te winnen” fan Eppie Dam útfierd yn de Martenstsjerke te Skearnegoutum.
De Martens Cantorij hat de ôfrûne jierren in tal literêre/muzikale programma’s útfierd wêryn’t elke kear in skriuwer of in boek sintraal stie (Huub Oosterhuis, Joke Hermsen, boek “Doornse Levenskunst”).
Dizze kear stiet de dichter Eppie Dam sintraal. De MC hat him frege om in kar te meitsjen út syn liturgysk repertoire. Dat hat dizze nije kantate oplevere, mei 10 lieten op muzyk fan Hindrik van der Meer, Gerben van der Veen, Frank van Nimwegen en Jan de Jong.… Lês fierder