Oproppen Letterenfonds

logo.ensafh

Open oproep: Wanderlust

Binnen het programma Wanderlust geeft het Letterenfonds schrijvers en bemiddelaars in de literatuur de kans om zich internationaal te oriënteren. Voor het onderdeel Bemiddelaars in de literatuur zijn we op zoek naar voorstellen van talentvolle literaire programmamakers en redacteuren van literaire tijdschriften en websites. Voorstellen kunnen worden ingediend tot 1 november 2016.

Lês fierder by it Letterenfonds

Talent interdisciplinair
regeling Digitale literatuur

De regeling stimuleert (jonge) talentvolle schrijvers en vertalers om onder begeleiding hun multimediale vaardigheden uit te breiden en artistiek onderzoek te verrichten. Ambitie en artistieke kwaliteit staan hierbij voorop. Het beschikbare budget is € 60.000 per kalenderjaar, met een maximum van € 10.000 per aanvraag.… Lês fierder

Teleks: Petear mei Koos Tiemersma

logo.ensafh

Tiemersma stopte in 2010 met schrijven uit onvrede over de situatie in het Friese literaire wereldje. ,,Ik wie der wol klear mei. Jo koenen wol oanfiele dat it allegear achterút gie. Ik wie wat útsjoen by de Friese Pers, It Fryske Boek hâlde der mei op en ek de Sutelaksje stoppe. Alles hâlde sa’n bytsje op en doe woe ik der ek in punt achter sette. Mar doe kaam dat E-boek op en ik tocht: ja, dat is eins wol wer ferrekte leuk om te dwaan, want dan wurde jo yn feite jo eigen útjouwer. En it skriuwen kin ik dochs net litte.… Lês fierder

Teleks: Skripsjepriis Fryske Akademy nei Nienke Jet de Vries

logo.ensafh

Nienke Jet de Vries is winner fan ’e Skripsjepriis 2014-2016, dêr’t de Fryske Akademy it bêste skripsjeûndersyk nei in Frysk tema mei ûnderskiedt. De Skripsjepriis – in bedrach fan tûzen euro – is oan De Vries útrikt op ’e earste Letterkundedei dy’t de Fryske Akademy hjoed organisearret.

De Vries kriget de priis foar har masterskripsje Fan Selskip nei mienskip, dy’t se yn 2015 foltôge hat foar de oplieding Fryske letterkunde oan ’e Ryksuniversiteit Grins. Yn har skripsje sjocht De Vries nei de rol fan ’e Fryske literatuer tusken 1844 en 1915 as ferbinende krêft fan it doe ta stân kommende Fryske taalbewustwêzen.… Lês fierder

Teleks: Bart Kingma no snein nei San Sebastián

logo.ensafh

Kommende snein 9 oktober reizget de Fryske skriuwer Bart Kingma ôf nei San Sebastián yn Spaansk Baskelân. Hy sil dêr foar it Europeeske útwikselingsprojekt Other Words acht wiken wenje en wurkje. Syn doel is om dêr in begjin te meitsjen mei syn nije roman Sera, dy’t foar in grut part yn Spaansk Baskelân spilet. De Baskyske muzyk wurdt in wichtich motyf yn it boek en Kingma sil syn skriuwersferbliuw yn San Sebastian dêrom ek brûke om djipper yn dy muzyk te dûken.

Sera giet oer in Fryske sjongeres dy’t op in dea spoar yn har karriêre sit. Boppedat sit in traumatyske ûnderfining út har jeugd har dwers.… Lês fierder

Teleks: Nije Frysktalige útjouwerij ‘Grotesk’

logo.ensafh

‘De earste en iennichste útjouwerij foar Fryske eksperimintele literatuer en krityske essees.

Wat dogge wy?

Skriuwers oanlûke dy’t mikke op yntellektuele wearde (net op kommersjeel súkses)
Spesjalisearre tiims bouwe fan útjouwers, boekûntwerpers, esfh., dêr’t de skriuwer de haadrol yn spilet (net wy)
Ien fenomenaal boek it seizoen útjaan (slow publishing)’

Sjoch foar mear ynfo by GroteskLês fierder