Teleks: Dichter Jan Dotinga ferstoarn

logo.ensafh

Op 6 augustus is dichter Jan Dotinga ferstoarn. Hy waard yn 1934 berne yn Britsum en groeide op yn it Stienzer Aldlân. As bern hie er al niget oan taal, it begûn mei foardrachten en opstel skriuwen.

Dotinga wurke syn hiele libben yn it ûnderwiis. Nei ferskate banen kaam er yn 1969 as haad oan de kristlike legere skoalle yn Droegeham te stean, dêr’t er oant syn pensjoen bleaun is.

Yn 1965 debutearre er mei de bondel Lytse Ivichheit. Dêr hie er as earste Fryske auteur in rykstalage foar krigen, bedoeld as stipe en oantrún foar jonge keunstners. De fersen binne in poëtysk ferslach fan syn jeugd yn it Stienzer Aldlân.… Lês fierder

Teleks: Skriuwer en dichter Willem Abma (82) ferstoarn

logo.ensafh

Skriuwer en dichter Willem Abma is op 23 july yn Ljouwert ferstoarn. Hy is 82 jier wurden.

Yn 1973 krige Abma de Gysbert Japicxpriis foar de trije dichtbondels De âlde en de leave hear as lead om âld izer, Op libben en dea en Mosken en Goaden, dy’t er ûnder it pseudonym Daniël Daen publisearre hie.
Gerben Willem Abma waard yn 1942 yn Folsgeare berne as jongste bern yn in grutte ortodokse boerehúshâlding. Hy studearre yn Utrecht rjochten, yn Grins teology en die yn 1974 syn doktoraal eksamen yn it lêstneamde fak.
Neidat er jierrenlang learaar wie yn Ljouwert, wurke er sûnt 1987 as psychoterapeut yn Drachten.… Lês fierder

Teleks: Oprop foar lêzingen ‘Taalkundedei 2024’ Fryske Akademy

logo.ensafh

De Fryske Akademy organisearret op freed 25 oktober de 13e Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk. Wa’t op dy dei in lêzing of presintaasje hâlde wol, kin dêrta in foarstel oan de organisaasje takomme litte.

Sjoch foar mear ynformaasje by de Fryske AkademyLês fierder

Teleks: Nij gedicht Dichter fan Fryslân Arjan Hut ‘Simmer offline’

logo.ensafh

‘Simmer offline’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Lês fierder by Dichter fan Fryslân

 

*

 

Simmer offline

en de wyn blaast in ûnbestimd liet
en de rein tikket in ferbean boek oer de dakken út

“God nimt foto’s”, sei mem as it wjerljochte

ik bin mar in ienfâldige Fries
net geskikt foar wurk op kantoar
ûnhandich mei de holle
en hannen

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder