Teleks: Ynskriuwaksje twadde druk bekroande “Erik of it Lyts Ynsekteboek”

logo.ensafh

Op it Frysk Boekefeest fan freed 9 septimber waard bekendmakke dat Geart Tigchelaar foar syn oersetting fan Godfried Bomans syn ‘Erik of it Lyts Ynsekteboek’ (Regaad, 2015) de Obe Postmapriis 2016 krije sil. De útrikking fan de “Obe” is op freed 4 novimber yn Ljouwert.
It boek wie al binnen in healjier sa goed as útferkocht en dus is it bekroande boek net mear leverber. Utjouwerij Regaad, in stifting sûnder kommersjeel eachmerk, hat net de mooglikheden om it finansjele risiko fan in twadde druk te dragen. Dêrom hat de útjouwer in ynskriuwaksje op tou set: as der fóar 15 oktober 150 stiks yn it foar ferkocht wurde, binne de kosten dutsen en wurdt de twadde druk yn gong set.… Lês fierder

Teleks: Premjêre berne-musical oer Gysbert Japicx

logo.ensafh

De berne-musical “Master Gysbert, inkele reis Sabeare” waard tiisdei foar it earst fertoand yn de Broeretsjerke yn Boalsert. De musical is ûnderdiel fan de aktiviteiten yn it ramt fan it 350e betinkingsjier fan Gysbert Japicx, skoalmaster en dichter út Boalsert. Japicx (1603-1666) hat derfoar soarge dat it Frysk wer brûkt waard foar serieuze literatuer en lei sa de basis foar it skreaune Frysk.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Programma Kulturele Haadstêd komt net earder as septimber 2017

logo.ensafh

It definitive programma fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 wurdt net earder as septimber 2017 fêststeld en bekend makke. Neffens artistyk lieder Lieven Bertels stiet dan pas hielendal fêst, hokker foarstellings der komme en op hokker datum. Dan giet ek de kaartferkeap pas los. Dat is noch rom op tiid, want de belangstelling fan toeristen út binnen- en bûtenlân foar Kulturele Haadstêd 2018 komt dan op gong, sa is de ferwachting.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Masedoanyske skriuwster en filmmakster yn Ljouwert

logo.ensafh

Masedoanyske skriuwster en filmmakster yn Ljouwert
Tongersdei 15 septimber ûntfangt Other Words / Oare Wurden de Masedoanyske skriuwster en filmmakster Marija Makeska. Sy sil acht wiken yn Ljouwert wenje en wurkje. Marija wurket hjir oan it skript fan har nije film: 2027: The Time of the Crystal Children.

Marija Makeska (1986) is berne yn Skopje en wennet yn Bitola, yn de Republyk Masedoanië. Tusken 2003 en 2015 wenne se yn Detroit, USA. Se skriuwt poëzij en toniel. Yn 2014 ferskynde har dichtbondel The Book of Muses. Yn 2008 wûn se de Office of the Provost Grant foar in dokumintêre oer de Masedoanyske Joaden yn de Twadde Wrâldoarloch.… Lês fierder