De Obe Postmapriis foar de bêste oersetting fan of nei it Frysk is dit jier wûn troch Geart Tigchelaar. Tigchelaar krige de priis foar Erik of it lyts ynsekteboek, in ferfrysking fan Erik of het klein insectenboek fan Godfried Bomans, in klassiker út de Nederlânske literatuer, skreaun yn 1941.
De Obe Postmapriis wurdt om ‘e fjouwer jier útrikt troch de provinsje Fryslân. Hy bestiet út in oarkonde en in bedrach fan twatûzen euro. De oare gadingmakkers foar de priis wiene dit kear Jarich Hoekstra en Harke Bremer (De ferjilder fan Marten Toonder), Piter van der Veen (In see fan stilte fan Vercors) en Tsead Bruinja (oersetter fan syn eigen dichtbondel Stofsûgersjongers).… Lês fierder