Teleks: Rely Jorritsmafûns krijt hast 40 ferhalen en fersen binnen

logo.ensafh

Tsien ferhalen en tweintich fersen binne dit jier ynstjoerd foar de skriuwwedstriid fan it Rely Jorritsmafûns. Dat meldt de gemeente Littenseradiel. De wedstriid is ûnderdiel fan de neilittenskip fan skriuwer Rely Jorritsma fan Jellum. By de Junior Rely skriuwwedstriid binne twa ferhalen en seis fersen binnenkaam.

Jorritsma hat yn syn testamint fêstlizze litten dat der in fûns oprjochte wurde moast om syn neilittenskip te behearen. De fruchten dêrfan moasten brûkt wurde as prizejild foar priisfragen mei koarte ferhalen en ferzen yn it Frysk.

De útslach fan de skriuwwedstriid wurdt begjin septimber bekend makke en de prizen wurde op 1 oktober útrikt.… Lês fierder

Teleks: André Looijenga op Space Radio Skopje Macedonia

logo.ensafh

André Looijenga op Facebook:

In fraachpetear mei my wurdt op 22-06-16 fan 14.00 oere ôf útstjoerd op Space Radio Skopje Macedonia, te beharkjen rûnom op ‘e wrâld fia ynternet.
Wolst my yn it Ingelsk fertellen hearre oer myn ferbliuw yn Masedoanië, oer Other Words en oer Fryslân? Gean dan fannemiddei om 14.00 oere nei: radio-asantovski.wix.com/space-radio

13512229_796033543829793_3435098646827462871_nLês fierder

Teleks: € 21,3 miljoen foar Deltaplan Frysk

logo.ensafh

Hjoed hat deputearre Sietske Poepjes it nij Beliedsbrief ‘Mei hert, holle en hannen’ oer Kultuer, Taal, Underwiis en Sport (KTUS) fan de provinsje Fryslân presintearre. Yn it brief binne de ôfspraken fan de koalysje fan CDA, FNP, SP en VVD útwurke op dy beliedsmêden. Opfallend is dat mar leafst € 21,3 miljoen euro foar in Deltaplan Frysk reservearre is. Dat hat de FNP by de ûnderhannelings foar in nije koalysje yn 2015 foar elkoar krigen. Dêrmei wurdt yntegraal foldien oan alle ambysjes út it koalysje-akkoart foar it Deltaplan Frysk. Doel fan it Deltaplan is it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk.… Lês fierder

Teleks: Fjouwer nominaasjes Obe Postmapriis 2016

logo.ensafh

Fjouwer nominaasjes Obe Postmapriis 2016

De advyskommisje fan de Obe Postmapriis 2016 hat de folgjende fjouwer titels op tal set foar de priis:

De ferjilder fan Marten Toonder, oersetting Harke Bremer en Jarich Hoekstra.
Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans, oersetting Geart Tigchelaar.
In see fan stilte fan Vercors, oersetting Piter van der Veen.
Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers fan Tsead Bruinja, eigen oersetting.

Sjoch foar mear ynfo by SirkwyLês fierder

Teleks: Seis ûntwerpen foar nij KH2018-gebou Lân fan Taal

logo.ensafh

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert moat yn 2018 in nij gebou komme dêr’t de Fryske taal en meartaligens yn sintraal stiet. It is ûnderdiel fan it projekt Lân fan Taal fan de Kulturele Haadstêd 2018. Seis arsjitekten, fan wa’t fjouwer út Fryslân komme, presintearje tongersdeitejûn yn it stedskantoar yn Ljouwert harren ûntwerp foar it nije multyfunksjonele gebou.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Lêste stipers socht foar boek oer Goaiïngahuzen

logo.ensafh

Skriuwster Auck Peanstra, har broer Anne Peenstra en fotograaf Willem Wilstra hawwe in boek oer de (âld)bewenners, de skiednis en de natoer fan Goaiïngahuzen/it Eilân makke.
De Afûk wol it boek útjaan, de provinsje Fryslân en de gemeente Smellingerlân ha jild beskikber steld. Om it mooglik te meitsjen dat it boek feitlik ferskynt, moat der noch jild by.

Anne Peenstra: ,,Willem en ik wolle oh sa graach dat dit boek noch yn 2016 – it jier wêryn myn suster Auck fiersten te jong ferstoarn is – printe wurdt.”

Lês fierder by de Drachtster CourantLês fierder