It Taalkundich Wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy organisearret dit jier foar de achtste kear de Dei fan de Fryske taalkunde.
De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy’t hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.
Datum: freed 21 oktober 2015
Tiid: folget
Plak: Ljouwert, krekte lokaasje folget
Lêzing oanmelde
Wy roppe elk hjirby op om him/har oan te melden foar in lêzing.… Lês fierder