Aginda 07-10-16: 1e Dei fan ‘e Fryske Letterkunde

logo.ensafh

Foarriedich programma

1e Dei fan ’e Fryske Letterkunde / 1e Dag van de Friese Letterkunde Gysbert Japicx-seal, Tresoar (Ljouwert), freed 7 oktober 2016

10:00
Ynrin en kofje – Inloop en koffie

10:25
Iepening troch dr. Hanno Brand, direkteur Fryske Akademy – Opening

10:30
Publykslêzing
dr. Piet Gerbrandy: ‘Bouwjen, timmerjen, mirsseljen in op-rjuechten’: het vakmanschap van Gysbert Japicx

11:30
dr. Alpita de Jong: Literatuur in kleine en grote talen: de wet van de voorwaartse bûtensprong

12:00
Abe de Vries (GJ-priis 2005): ‘In stekje oan los.’
Harmen Sytstra yn konflikt mei de ‘mienskip’

12:30
Lunsj – Lunch

14:00
Piter Boersma (GJ-priis 1998): (Friesche) Tjerne psychoanalytysk bedjippe

14:30
Prof.… Lês fierder

Aginda 29-05-16: Pioenroaskonsert Winaam

logo.ensafh

Dit jier mei ‘Risata’
Risata is een nieuw strijkkwartet, bestaande uit vier jonge, enthousiaste en vooral ook ambitieuze musici. De leden hebben elkaar ontmoet in het Frysk Jeugd Orkest, waar de passie voor muziek maken werd gedeeld. Op het programma o.a. Mozart, Telemann en Grieg. (lês fierder yn de bylage)

en meiwurking fan twa dichters:

Jabik Veenbaas
mei gedichten út syn nije (Nederlânstalige) bondel oer syn heit: Mijn vader bad

Bep Kuilman
mei gedichten oer har mem en har jeugd yn Harns.

Tiid: 29 maaie, 15.30 oere
Plak: de Andreastsjerke fan Winaam
Yntree: 7,50€
Reserveare: jantsjepost@planet.nl

Risata is een nieuw strijkkwartet, bestaande uit vier jonge, enthousiaste en vooral ook ambitieuze musici.… Lês fierder

Teleks: Tresoar kiest foar it wurkjen yn de cloud

logo.ensafh

Op 23 maaie makket Tresoar in grutte digitale stap; mei WorldShare Management Services (WMS) komt Tresoar yn de cloud. Tresoar beheart in grutte wittenskiplike biblioteek, in kolleksje argiven fan en oer Fryslân en in rike samling dokumintaasje en objekten oer de Fryske literatuer. Troch dizze stap makket Tresoar in dúdlike kar foar fleksibiliteit, ynnovaasje, kostenbesparring en in bettere tsjinstferliening.
Dizze fernijende stap fan Tresoar betsjut dat ynterne wurkprosedueres, troch it digitalisearjen fan besteande prosessen, effisjinter ynrjochte wurde. WMS biedt in iepen oanpak yn de cloud, dêr’t biblioteken troch op nasjonaal en regionaal nivo gearwurkje kinne . Sy kinne ek ynternasjonaal de hannen yn inoar slaan om online har sichtberens en de mooglikheid om fûn te wurden troch it publyk te fergrutsjen en te profitearjen fan ûntjouwingen troch wrâldwide gearwurking.… Lês fierder

Aginda 24-05-16: Lêzing Willem Jan Otten

logo.ensafh

Schrijver Willem Jan Otten houdt op dinsdag 24 mei om 20.15 een lezing in het koor van de Martinikerk in Sneek.
Otten staat garant voor een veelzijdig oeuvre van poëzie, verhalend proza, toneel, kritieken en essays. Otten is gehuwd met de schrijfster Vonne van der Meer. Hij groeide op in de Amsterdamse Rivierenbuurt en in Laren (NH). Otten is eredoctor van de Universiteit van Utrecht. In 1973 debuteerde hij als dichter met de bundel Een zwaluw vol zaagsel. Na het verschijnen van zijn roman Ons mankeert niets in 1994 raakte Otten betrokken in de discussie over het euthanasievraagstuk.

Klik hjir foar mear ynfo… Lês fierder

Teleks : Fier dyn frije taal

logo.ensafh

Freed 20 maaie 2016 organiseart Frysk en Frij in literêre muzykjûn yn it Koepelteater te Ljouwert. Poëten drage yn it ramt fan it poëzy-evenemint Fier dyn frije taal har fersen foar. Dichters fan ferskillende nasjonaliteiten dy’t mei har poëzy yn har eigen taal en tongslach in bydrage leverje oan ’e alsidige kleurigens fan it libben Fryske taallânskip. It tema is: Haadsaak.

Fier dyn frije taal en stjoer in gedicht yn oer it tema: haadsaak. Brûk de wurden dyt’sto wolst!

Lit mei ús de kleurichheid fan it taallânskip sjen en libje dy út yn in fers. Oftsto no Turks of Arabys, Frysk, in Frysk dialektyk, Nederlâns of Ingels brûkst, dat makket neat út: brûk de taal dy’tsto wolst!… Lês fierder

Teleks: Fryslân DOK – ‘Heit’, film oer Tsjêbbe Hettinga

logo.ensafh

Yn in poëtyske film ferkent Piter Hettinga it nimmenslân tusken him en syn heit, de ferstoarne bline dichter Tsjêbbe Hettinga. Piter besiket de ferskate kanten fan syn heit kennen te learen yn in syktocht nei wa’t syn heit no eins wie.

De bân dy’t Piter mei syn heit hie wie net altyd like goed. Der wiene ljochte en tsjustere kanten yn de relaasje tusken de twa. Yn de dokumintêre praat Piter mei de freonen fan syn heit oer dy ferskate kanten.

De ljochte kant fan Tsjêbbe wurdt neffens soan Piter bepaald troch de fisuele, poëtyske krêft fan syn heit. Boppedat wie syn heit in dierber en karakteristike ferskining.… Lês fierder

Teleks: ‘Fryslân lân fan talen’ Boek fan de moanne

logo.ensafh

Boek fan de moanne yn maaie en juny 2016: fan € 22,50 foar € 19,95

Reitze J. Jonkman & Arjen P. Versloot

Fryslân lân fan talen fertelt oer de skiednis fan it Frysk: wêr’t it weikomt, hoe âld at it is, dat it yn de rin fan de iuwen aardich wat feroare is en noch feroaret, hoe’t it plak yn de maatskippij net altyd itselde wie en wat syn posysje yn de lêste iuw wurden is. It ferhaal fan dy taal stiet net op himsels, want fan it begjin fan ús jiertelling ôf hat it yn kontakt stien mei oare talen lykas it Latyn, it Frankysk, it Middelnederlânsk, it Stedsk, it Nederlânsk en de lêste tiid hieltyd mear it Ingelsk.… Lês fierder