Teleks: Feestlike iepening Gysbert Japicxjier

logo.ensafh

21-05-2016 15:00-17:00

Op sneontemiddei 21 maaie wurdt it Gysbert Japicxjier 2016 feestlik iepene yn de Martinitsjerke fan Boalsert. Wy betinke dat 350 jier lyn, yn 1666, dizze Fryske dichter ferstoar.

Mei in ryk program steane wy stil by Gysbert Japicx as histoarysk figuer, by de wize wêrop’t wy troch de iuwen hinne him besjoen en ynterpretearre hawwe.
Wy sille mei fertsjintwurdigers út ferskate sektoaren fan de Fryske mienskip stilstean by de betsjutting fan Gysbert foar it Fryslân fan hjoed en moarn.

It programma bestiet út ûnder oaren:
Minikolleezjes fan Abdelkader Benali, Sietske Poepjes, Henry Baron en Meindert Reitsma.In paneldiskusje meiOeds Westerhof, Sigrid Kingma, Wilhelmina Vroegindeweij, Jan Kroon, Tryntsje van der Veer en Sybren Posthumus.… Lês fierder

Teleks: Tresoar siket Fryske skriuwers foar ferbliuw yn San Sebastián (Baskelân)

logo.ensafh

Hjoed iepenet de twadde call foar it Europeeske literêre útwikselingsprogramma Other Words/Oare Wurden. Fryske skriuwers kinne oant 15 juny útstellen yntsjinje foar in ferbliuw fan acht wiken yn de Baskyske stêd San Sebastián, kulturele haadstêd fan Europa yn 2016. It ferbliuw fynt plak yn de perioade fan oktober oant desimber 2016.

Fiif Europeeske lannen en regio’s hawwe de hannen yn inoar slein om in literêr netwurk op te bouwen foar skriuwers fan lytse en minderheidstalen. Njonken Fryslân dogge ek Baskelân, Ierlân, Slovenië en Masedoanië mei oan it projekt Other Words/Oare Wurden. Ynsidinteel slute oare Europeeske partners oan, lykas Wales, Malta en Occitanië.… Lês fierder

Teleks: Provinsje jout 4,6 miljoen euro foar ‘Lân fan Taal’

logo.ensafh

Wat binne der allegear foar talen op ‘e wrâld? Hoe klinke se? Wat betsjutte se foar har sprekkers? Wat foar eigenskippen hawwe se? It binne allegear fragen dy’t beantwurde wurde yn Lân fan taal, it nije taalmuseum dat op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert komt. De provinsje Fryslân hat besletten om it museum in subsydzje te jaan fan 4,6 miljoen euro.

Faaks is ‘museum’ net it bêste wurd. De inisjatyfnimmers hawwe it oer in ‘publykssintrum’. It bestiet net allinne út in nij gebou by de Aldehou, mar der komt ek in tydlike fêstiging yn ‘e Prinsetún en der rydt in bus troch de provinsje.… Lês fierder

Teleks: Simke Kloostermanpriis foar Hanneke de Jong

logo.ensafh

Berneboekskriuwster Hanneke de Jong is de winner fan ‘e Simke Kloostermanpriis. Dy wurdt alle trije jier útrikt foar it bêste Frysktalige jeugdboek. Frou De Jong kriget de priis foar har boek Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen. Yn it boek sjocht it famke Marike in protte apen en bearen as se in jierdeisfeest foar har mem organisearret. De priis fan 5000 euro wurdt op 20 maaie oerlange.

De sjuery seit oer it boek: “Troch psychologyske útwurking libbest as lêzer mei Marike mei. Der sitte in pear ferrassende wendingen yn dy’t spanning oan it ferhaal jouwe. Sawol oer it gehiel as yn de lytse dingen as make-up en cupcakes fersiere is it in fleurich jeugdboek dêr ‘tst enerzjy fan krijst.”… Lês fierder

Teleks: Jorick Speerstra en Jelle Bangma winne Ferhalewedstryd 2016

logo.ensafh

Op tongersdei 7 april binne yn in temaútstjoering fan it tv-programma Bynt de winners fan de Ferhalewedstryd 2016 bekend makke. It tema wie ditkear ‘Oars’, en foar it earst wiene der in senior- én in junioredysje. De sjuery, besteande út Koos Tiemersma, Lida Dykstra en Yvonne Dijkstra, hat ornearre dat fan de 79 ynstjoerings foar de senioaren dy fan Jelle Bangma de bêste wie, mei as titel ‘Ik koe net oars’. Ut de 40 ynstjoerings by de junioaren is it ferhaal ‘Sjok’ fan Jorick Speerstra as bêste út de bus kaam. De sjuery fûn it ferhaal fan de juniorwinner it gaadlikst foar ferfilming.… Lês fierder