Ein novimber 2015 dienen taal- en sportleafhawwers Anne Dykstra en Anne Tjerk Popkema in oprop om sportpoëzy yn te stjoeren foar in bondel Fryske sportpoëzy. Oant no ta binne der sa’n sechstich ynstjoeringen ynkommen. It blykt dat in soad dichters ynspirearre wurde troch de kanon fan de Fryske sporten en sporthelden: Abe, Epke, skûtsjesilen, keatsen. Mar der sitte ek lofdichten op memorabele kampioenswedstriden, promoasjes en lokale sporthelden by.
Der is dus al prachtich materiaal ynkommen, mar de ynisjatyfnimmers wolle graach nei teminsten hûndert ynstjoeringen. Dêrom is de ynstjoertermyn ferlinge oant 30 maart. Dêrom nochris de oprop om yn de âlde jiergongen fan it klubblêd fan de sportferiening te dûken of om sels in lofdicht op jo favorite Fryske sportheld te skriuwen, oft dat no yn it Nederlânsk, Frysk of in oare taal is.… Lês fierder