Teleks: Biltsk wurdt faaks erkende minderheidstaal

logo.ensafh

Mooglik wurdt it Biltsk krekt as it Frysk in erkende streektaal. Lutz Jacobi, Keamerlid foar de PvdA en Friezinne, sil yn har funksje as fise-foarsitter fan ‘e Keamerkommisje foar ynlânske saken freed in oanfraach yn ûntfangst nimme foar sa’n offisjele erkenning. Dy is skreaun troch de gemeente It Bilt, mei stipe fan de provinsje Fryslân, Mercator Education en it Europeesk Buro foar Lytse Talen.

Net allinne Lutz Jacobi kriget de oanfraach, der giet ek in eksimplaar nei Nils Torvalds. Hy is foarsitter fan ‘e kommisje foar minderheden yn it Europeesk Parlemint. De Fin is dizze wike op wurkbesite yn Fryslân.

De Nederlânske oerheid erkent op it stuit de folgjende streektalen: Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk, Jiddysk en Romany.… Lês fierder

Aginda 06-03-16: Presintaasje ‘Ruimtedier’ fan Elmar Kuiper

logo.ensafh

Ze zijn niet wereldvreemd, maar ook niet vies van complottheorieën, de figuren in Ruimtedier, de nieuwe bundel van dichter, schrijver, kunstenaar, toneelmaker en alleskunner Elmar Kuiper.

‘Ze hebben het ook niet makkelijk, de brugpieper die gepakt wordt, de slager die een prijsstier onder handen krijgt, de Messias op een gesloten afdeling, en Hitler met zijn foute snor. Foei toch.’
Er valt veel te lachen om wat eigenlijk niet grappig is in Kuipers levendige gedichten, die een wereld omschrijven die te benauwend en te klein is voor het aardse. De ruimte in dus! Naast hemzelf, heeft Kuiper meerdere dichters en eigen cursisten uitgenodigd voor een avond vol verhalen en poëzie.… Lês fierder

Aginda 14-02-16: Doperscafé met Hindrik van der Meer

logo.ensafh

Hindrik van der Meer komt zondag 14 februari als spreker, dichter, zanger en muzikant naar de Doopsgezinde Vermaning in Surhuisterveen.

Van der Meer is onder meer bekend van de Friese musical ‘Joazef Master Dreamer’ en zijn samenwerking met de dichter Eppie Dam. Samen maakten ze 14 kerkelijke liturgiëen.

Zijn leven lang is hij al bezig met taal en cultuur. Hij heeft een grote liefde voor het eigene van Friesland, maar gaat zeker niet voorbij aan de rijkdom van andere culturen. Zo is hij altijd nog verbonden met Papoea, het voorheen Nederlands Nieuw-Guinea, waar hij als onderwijzer heeft gewerkt.
Met het Kwartettekoar is hij al jaren verbonden als oprichter, en muzikaal begeleider.… Lês fierder

Teleks: Other Words / Oare Wurden. Tresoar siket Fryske skriuwers foar Europeesk útwikselingsprojekt

logo.ensafh

Tresoar siket Fryske skriuwers foar Europeesk útwikselingsprojekt yn it ramt fan Lân fan Taal
Skriuwers út Masedoanje, Sloveenjë, Baskenlân en Ierlân komme nei Fryslân

Fan jannewaris 2016 ôf docht Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum, mei oan it Europeeske útwikselingsprojekt Other Words/ Oare Wurden. Fiif Europeeske lannen en regio’s wurkje meiinoar gear om in literêr netwurk op te bouwen foar skriuwers fan lytse en minderheidstalen. Yn it projekt krije skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen en om yn harren tydlik wenplak warber mei te draaien yn it kulturele libben. Yn totaal kinne fiif Fryske skriuwers, ferspraat oer in perioade fan trije jier, oan de útwikseling meidwaan.… Lês fierder

Aginda 12-02-16: Fryske jûn Biblioteek De Lemmer

logo.ensafh

Skriuwer Popke Popma en ferhaleferteller Douwe Kootstra fersoargje freed 12 febrewaris in literêre jûn yn’e biblioteek yn de Lemmer.

It is foar it earst dat Popma en Kootstra tegearre in literêre jûn fersoargje. Popma sil oer syn twadde boek Skerp Ark en syn skriuwerskip ynterviewd wurde troch Douwe Kootstra. Fansels fertelt Kootstra ek in pear moaie ferhalen. Popma lêst fragminten út Skerp Ark. Ek it publyk krijt gelegenheid om de auteur te befreegjen.

Popke Popma wie direkteur fan basisskoalle De Wynbrekker yn Eastersee. Hy hat in tal wurken op syn namme stean: lykas ”Verhalen over Lemsterland in de Tweede Wereldoorlog” tegearre mei Koen Zondag en “As in faas mei blommen”, skiednis fan Eastersee, mei oaren.… Lês fierder

Teleks: Op 9 febrewaris ferskynt it alderlêste Tweltsje

logo.ensafh

Op 9 febrewaris sil it alderlêste Tweltsje ferskine op it twitterakkount fan Frysk Literêr Tydskrift Ensafh. In Tweltsje is in koart ferhaaltsje fan 140 tekens, safolle as der yn in tweet passe. Betinker en skriuwer Geart Tigchelaar hat syn nijs derôf en fynt it nei de 500ste wol goed. It sil foar de fêste lêzers nei trije en in heal jier wennen wêze dat der net mear om ’e twa dagen in grappich, justjes tsjuster, serieus of stom ferhaaltsje te lêzen falt.

Pyt kaam juster yn alle steaten oanrinnen en rôp dat er de auto fol doeken hie. By ús skrik lake er dat er syn atelier ferhúzje soe.Lês fierder