Teleks: Poëzie workshop Graaf van Medwert leidt tot gratis dichtbundel

logo.ensafh

Op 20 januari voer presentator van het RTV NOF programma De SmachtWacht Mark Spijkers-Graaf van Medwert af naar Schiermonnikoog, om aldaar op uitnodiging van de Openbare Bibliotheek een poëzie workshop te geven. De gemaakte gedichten zijn gebundeld en worden op woensdagavond 3 februari tussen 21.00 en 23.00 uur in de SmachtWacht voorgedragen.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder

Teleks: De aardappel verbindt Malta en Fryslân

logo.ensafh

Het Maltese Valletta is in 2018 culturele hoofdstad van Europa, net als Leeuwarden. Beide steden hebben een aantal projecten die ze samen doen. Een daarvan is Potatoes go wild, een project over gedichten en aardappelen. De Friese dichters Janneke Spoelstra en Hein Jaap Hilarides waren voor dit project onlangs op bezoek in Malta. Wendy Kennedy van het Finster was met ze mee.

Lês sjoch en harkje fierder by Finster op FryslânLês fierder

Teleks: Rely Junior Priisfraach 2016

logo.ensafh

Bisto tusken de 12 en 18 en kinsto moaie Fryske ferhalen, gedichten of songteksten skriuwe? Doch dan oan de Junior Rely mei. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach.
Wat binne de spulregels foar de Junior Rely?
· Skriuw in ferhaal of in gedicht of songtekst yn it Frysk fan maksimaal 2000 wurden. Do hast alle frijheid foar dyn ûnderwerp; it mei bygelyks ek in toaniel- of deiboekfragmint wêze, science fiction of horror, mar hoechst de humor net te ferjitten! Uteraard hast de tekst hielendal sels betocht en skreaun.
· Ek al hast miskien mear teksten dy’t de muoite wurdich binne, meist mar ien tekst opstjoere;
· Dyn tekst mei net op ynternet stien ha, op in blog set wêze, yn de skoalkrante stien ha, earne foardroegen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht wêze;
· Wolst fansels graach dat dyn tekst der op alle fronten útkipet, mar ferjit net: it giet de sjuery net om de foto-achtergrûn of it knip- en plakwurk om dyn tekst hinne.… Lês fierder

Teleks: Rely Jorritsma Fûns-priisfraach 2016

logo.ensafh

Skriuwers fan Fryske ferhalen of fersen kinne wer gading meitsje nei in Rely Jorritsmapriis. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach. In bekroand fers wurdt honorearre mei € 200,–, in winnend ferhaal mei € 800,–.

Rely Jorritsma fûns
Yn syn testamint skreau Rely Jorritsma dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif Fryske gedichten en de bêste fiif koarte ferhalen. Sûnt 1954 wurdt syn winsk noch hieltiten útfierd, yntusken troch de gemeente Littenseradiel. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders foarmje it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns. By de fyftichste jierdei fan de Rely Jorritsma-priis waard ek in priis foar de jongerein ynsteld, de Junior Rely.… Lês fierder

Teleks: Tsien basisskoallen hawwe in eigen skoalskriuwer

logo.ensafh

Tsien basisskoallen yn Fryslân hawwe sûnt moandei in eigen ‘skoalskriuwer’. Doel fan de skriuwer op skoalle is better taalûnderwiis. De kommende moannen komt der op de skoallen alle wiken in bekende berneboekeskriuwer del. Dizze sil learlingen op in positive wize lesjaan oer ûnder oare it lêzen fan boeken en it skriuwen fan ferhalen en gedichten.
Under oare op basiskoallen yn Ljouwert, Wurdum en Deinum waard moandei begûn mei it projekt dat oant en mei maaie duorret. It is de twadde kear dat der skoalskriuwers aktyf binne.
Under oare de skriuwers Hanneke de Jong, Kate Schlingemann, Derk Visser en Lida Dijkstra wurkje oan it projekt mei.… Lês fierder