Aginda 10-02-16: Fryske Jûn mei Douwe Kootstra

logo.ensafh

Bibliotheken SúdWest organisearret 10 febrewaris yn de byb fan Koudum yn gearwurking mei Stichting de Sudwester in Fryske Jûn mei skriuwer en ferteller Douwe Kootstra en muzyk fan Beano.

Douwe Kootstra is foaral bekend wurden as skriuwer fan reisboeken en as columnist fan Omrop Fryslân en it Fryske Gea. Op syn repertoire steane mearkes, seagen, legindes, mythen, mar foaral ek fermaaklike folksferhalen. De muzyk is fan Beano tige bekend yn Koudum en omkriten. .

Ynrin fanôf 19.30 oere mei in bakje kofje/tee. Om 20.00 oere (tot 22.00 oere) giet it oan en kinne jo genietsje fan ferhalen en muzyk. En ek in drankje sit by de priis yn.… Lês fierder

Aginda 18-02-16: Hallo gedicht!

logo.ensafh

Lear om poëzy te lêzen mei Dichter des Vaderlands Anne Vegter en de dichters Tsead Bruinja, Ellen Deckwitz, Charles Ducal, Maarten van der Graaff, Vrouwkje Tuinman en Maud Vanhauwaert.
Op tongersdei 18 febrewaris 20.00 – 21.15 komt Hallo gedicht! nei Tresoar, mei Anne Vegter en Tsead Bruinja.
Dichter des Vaderlands Anne Vegter nimt de útdaging oan en daget alle lêzers fan Nederlân út om net langer skruten te wêzen foar poëzy. Gedichten wolle lêzen wurde en de Dichter des Vaderlands biedt dy dêrby de helpjende hân.

Sjoch foar mear ynfo by TresoarLês fierder

Teleks: Josse de Haan ( 75 ) fiert jierdei mei nij boek!

logo.ensafh

Hjoed fiert ferneamd Frysk auteur Josse de Haan út Baskelân syn 75ste jierdei. De winner fan de Gysbert Japikspriis ( 2007 ) hat himsels en de lêzers in hiel aardich kado jûn. In dei foar syn jierdei kaam der in nij boek fan him út: ‘Reedride op glêd iis’
De nije útjefte ferskynt mei stipe fan ‘Het Nederlandse Letterenfonds’ by de Ljouwerter útjouwer Elikser fan Jitske Kingma en beslacht mar leafst 380 siden.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

Aginda 28-01-16: Workshop mei Portugeeske dichters yn De Harmonie

logo.ensafh

Begjin 2015 hat in groep minsken fan it projekt Kening fan de Greide en fan Tresoar nei Spanje en Portugal west. Yn it kylwetter fan de skries reizgjend troch Europa hawwe sy Kening fan de Greide nei dy lannen brocht en der in soad minsken troffen om yn 2018 mei-inoar it ferhaal fan it feroarjende lânskip en de gefolgen dêrfan te fertellen. It ferhaal fan Kening fan de Greide giet ek oer de gefolgen fan in feroarjend lânskip foar muzyk, byldzjende keunst, dûns, taal en oare kulturele eleminten.

Sjoch foar mear ynfo en opjefte by TresoarLês fierder