Aginda 29 en 31-01-2016: Fryske en Portugeeske poëzy en muzyk yn Warkum en Ljouwert

logo.ensafh

​De Portugeeske dichters dy ‘ t op 28 jannewaris oan ‘ Broodje Poëzie’meiwurken, sille mei de Fryske groep Tsjinlûd (de dichters Remco en Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf en Jan Kleefstra , en de muzikanten Christiaan Kuitwaard, Anne Chris Bakker en Romke Kleefstra ) twa muzikale en poëtyske foarstellingen fersoargje.
​By dy foarstellingen wurdt Portugeeske en Fryske poëzy troch seis dichters foardroegen op de muzyk fan fjouwer muzikanten. De foarstellingen duorje ynklusyf skoft sawat oardel oere en wurde ynlaat troch ien fan Kening fan de Greide dy’t wat fertelt oer de reis nei Spanje en Portugal en de reden fan de oanwêzigens fan de Portugezen.… Lês fierder

Aginda 28-01-16: Broodje Poëzie

logo.ensafh

De laatste donderdag van januari staat weer in het teken van de poëzie. Zowel in Nederland als in Vlaanderen is het Gedichtendag, het officiële begin van de Poëzieweek. Dit jaar organiseren we een dichterslunch en nodigen daarbij ook een rapper uit.
Hoogtepunt van ‘Broodje Poëzie’ is een poetry slam, waarbij het niet alleen draait om de gedichten maar ook om de voordracht. Een accordeonist zorgt voor de muzikale omlijsting van het geheel.

Tongersdei 28 jannewaris 2016 “Broodje Poëzie” om 12.30 oere yn De Harmonie.
Gedichten en muzyk mei in lekkere lunsj foar € 14,50/jeugd € 12,00
Mienskiplike aktiviteit fan De Harmonie en Tresoar op Gedichtedei.… Lês fierder

Teleks: Nij Frysk taal- en kultuerbelied Fryslân kommendewei

logo.ensafh

It nije Kolleezje fan Fryslân (CDA, FNP, SP en VVD) stelt út dat de ynspannings fan de provinsje op it mêd fan taal, kultuer, ûnderwiis en sport in ‘Breed maatskiplik effekt’ hawwe moatte. Dat hâldt ûnder oare yn dat elkenien meidwaan kinne moat (‘partisipaasje’), dat der in soad dien wurdt oan edukaasje om jonge minsken har ûntjaan te litten, dat fernijing brûkt wurdt om de Fryske identiteit te ûntwikkeljen (‘ynnovaasje’), dat de leefberens befoardere wurdt op ferskate mêden en dat Fryslân mear sjen lit wat de regio is en wat Fryslân docht (‘sichtberens’).

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: PEN Award naar Turkse, Egyptische en Eritrese schrijvers

logo.ensafh

De Turkse journalist, schrijver en filmmaker Can Dundar, de Egyptische schrijver Omar Hazek en dichter en songwriter Amanuel Asrat uit Eritrea ontvangen vanavond de Oxfam Novib / PEN Award. De award wordt jaarlijks uitgereikt aan schrijvers en journalisten die in moeilijke omstandigheden toch hun pen vrij laten spreken, met gevaar voor hun eigen vrijheid of leven.

Lês fierder by VillamediaLês fierder

Aginda 24-01-16: Presintaasje ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar

logo.ensafh

CYoVGLZUMAAIoMj.png large

Presintaasje dichtbondel, mei meiwurking fan de dichters Elmar Kuiper, Sytse Jansma, Tim Honnef en muzykploech Tigers fan Greonterp. Op snein 24 jannewaris wurdt in bysûndere jûn mei literatuer en muzyk organisearre by gelegenheid fan de presintaasje fan de dichtbondel ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar.

Nêst Geart Tigchelaar trede op de dichters Elmar Kuiper, Sytse Jansma, Tim Honnef en de alternative en ekspirimentele mjuks muzykploech Tigers fan Greonterp.

Geart Tigchelaar (1987) rekkenet yn ‘leech hert yn nij jek’ ôf mei it ferline, mar sjocht ek foarút. In besykjen dat de iene kear better slagget as de oare kear. Dat leveret poëzy op dy’t skjirret, dy’t echt is, dy’t libbet en stjert as in hert.De… Lês fierder

Teleks: Fryske ferhalewedstriid: workshops én in junioredysje

logo.ensafh

De Fryske ferhalewedstryd, dy’t dit jier alwer foar de fjirde kear organisearre wurdt, kriget no ek in junioredysje. Mei it Cedin, de ûnderwiisbegeliedingstsjinst as nije organisaasjepartner fan it Skriuwersboun, Omrop Fryslân en it Friesch Dagblad, is der no noch mear omtinken foar de jongerein.
workshops en gastlessen
Boppedat kinne meidoggers ek in workshop ‘koarte ferhalen skriuwe’ folgje, yn respektyflik Koudum (25 jannewaris), Burgum (1 febrewaris) en Wommels (8 febrewaris). Gysbert Japixwinner Koos Tiemersma sil nigethawwers de technyk fan it koarte ferhaal bybringe. Ek de middelbereskoalbern krije dit jier gâns omtinken. Yn ’e oanrin ta de wedstryd sil skriuwster Lida Dykstra in tal gastlessen jaan op de middelbere skoallen yn de trije neamde doarpen, mei op ’e nij it koarte ferhaal as ûnderwerp.… Lês fierder