Teleks: Wat wurdt it nijswurd fan 2015?

logo.ensafh

Hokker wurd út de Frysktalige nijsberjochten fan 2015 is sa typearjend, moai of bysûnder dat it net fergetten wurde mei? Wy ha in stikmannich wurden út it ferline jier útsocht. Jou oan hokker wurd oft neffens jo perfoarst yn gebrûk bliuwe moat. Jo kinne ek as reaksje ûnder dit berjocht in eigen suggestje dwaan foar in nijswurd fan 2015.
Op 15 jannewaris wurdt de winner buorkundich makke.

Meitsje jo kar op It NijsLês fierder

Teleks: De Skipsjonges fan Bontekoe is Boek fan de Moanne

logo.ensafh

“De Skipsjonges fan Bontekoe” is yn jannewaris en febrewaris it Fryske Boek fan de Moanne.

‘Het leven van een mán jongens, gaat nooit zonder stormen voorbij.’

Bekende wurden foar wa’t oait it ferneamde jongesboek De scheepsjongens van Bontekoe lêzen hat.
It ferhaal fan de ûngeloksreis fan skipper Willem Ysbrantsz. Bontekoe en syn ‘Nieuw-Hoorn’ is tige bekend. Op basis fan it orizjinele 17e-ieuske skipssjoernaal fan Bontekoe hat Johan Fabricius yn 1923 syn ferneamde jongesboek skreaun. It boek mei de aventoeren fan de trije skipsjonges Hajo, Padde en Rolf is al mear as 250.000 kear ferkocht, ferfilme, as strip útjûn en ek al oerset yn acht talen – en no ek yn it Frysk!:… Lês fierder

Aginda 14-01-16: VERS Revue yn Snits

logo.ensafh

Jongeren uit Sneek doen mee aan landelijke poëziewedstrijd

Op donderdag 14 januari om 14.00 uur barst in Theater Sneek de VERS Revue los met dans, muziek en gedichten van jongeren van Scholengemeenschap Bogerman, RSG Magister Alvinus uit Sneek en het Marne College uit Bolsward.
Ruim 280 jongeren van deze scholen schreven in de afgelopen weken hun eigen gedicht. Zij doen allemaal mee aan VERS 2016: een landelijke poëziemanifestatie met het hele jaar door lessen en activiteiten rond de vijf genomineerde bundels voor de VSB Poëzieprijs. Een selectie van deze jonge ‘dichters’ in de dop brengt in een wervelende literaire theatershow hun eigen werk op de planken.… Lês fierder

Aginda 29-01-2016: Poëzijmarathon ensafh yn Snits

logo.ensafh

 

Bêste dichter/belangstellende!

Yn it ramt fan de Nationale Poëzieweek organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 29-01-2016 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden:
– Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom.… Lês fierder

Teleks: dichtbondel Rein de Lange ‘1969 Oan de hân fan myn heit’.

logo.ensafh

Oernommen fan Facebook:

Vanaf vandaag te koop: de nieuwe gedichtenbundel ‘1969 Oan de hân fan myn heit’.
Een Friestalige bundel met prachtige poëzie, van barokke tot moderne gedichten aan toe. Een mooie manier om bekend te raken met de eeuwenoude taalklanken van het Fries.
U kunt de bundel natuurlijk bestellen. Stuur een bericht met adres en ik zorg ervoor dat de boek zo snel mogelijk bij u thuis bezorgd wordt. De prijs is tien euro.
U kunt de bundel ook bestellen via de boekwinkel. Het ISBN nummer is: 9789087595784… Lês fierder