Aginda 17-01-2016: Ferhaletocht yn Alde Leie

logo.ensafh

Ferhaletocht yn Alde Leie op snein 17 jannewaris 2016

Op sneintemiddei 17 jannewaris 2016 sitte trije fertellers op ferskillende lokaasjes yn Alde Leie klear om jim harren ferhaal te fertellen. De fjirde ferteller sil oan ’e ein yn it doarpshûs syn ferhaal fertelle. De fertellers binne: Frank Belt út Harns (Verteltheater Op Verhaal), Aldert Cuperus út Sint Anne (streekhistoarikus), Elmar Kuiper út Ljouwert (dichter/toanielskriuwer/byldzjend keunstner) en Etie Pasma út Hijum (skriuwster).

elmar kuiper 1

Elmar Kuiper

Yn ploechjes geane jim mei in gids by de fertellers op ’e lokaasjes lâns. Nei it lêste ferhaal yn it doarpshûs stiet foar alle dielnimmers in Snert-buffet klear.… Lês fierder

Teleks: Frysk Boun om Utens wol berik fergrutsje

logo.ensafh

Mear as hûndert Friezen bûten de provinsje hawwe harren mailgegevens trochjûn oan it Frysk Boun om Utens. Dêrtroch krije se de kommende jierren alle ynformaasje oer de aktiviteiten fan it bûn.

It Frysk Boun om Utens bestiet yn 2023 hûndert jier. Dat wol it bûn graach fiere mei safolle mooglik Friezen om utens. Net alle Friezen dy’t bûten de provinsje wenje, binne lid fan in saneamde krite.

Yn de ôfrûne jierren binne der wol sa’n tsien kriten yn de oare Nederlânske provinsjes opheft troch in ferâlderjend ledebestân en in meagere opkomst. It Frysk Boun om Utens wol no fia ynternet eltsenien fan har wurk op de hichte hâlde.… Lês fierder

Teleks: Kandidaten foar de Rink van der Veldepriis bekend makke

logo.ensafh

Fiif skriuwers komme yn ‘e beneaming foar de Rink van der Veldepriis 2016. De sjuery hat de toplist buorkundich makke. Dêr steane de neikommende nammen op: Anne Feddema mei De triennen fan Cheetah, Willem Schoorstra mei Pier, Hylke Tromp mei Noah, Johan Veenstra mei Vrouw van ivoor en Mindert Wynstra mei De seefrou.

De Rink van der Veldepriis wurdt sûnt 2004 om it jier útrikt troch de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij. Hy bestiet út in keunstwurk fan Anne Woudwyk en in bedrach fan 1250. De priis is ornearre foar skriuwers dy’t skriuwe yn de folksaardige, populêre tradysje fan Rink van der Velde.… Lês fierder

Oprop poëtyske dialooch mei Fryske dichters

logo.ensafh

Oprop

Earder dit jier melde Edith Lomovasky-Goel har by Ensafh. Se is in Argentynske, dy’t wennet yn Israël. Se hat koartlyn yn Fryslân west en is ûnder de yndruk fan it lân en de minsken. Se wol graach in poëtyske dialooch mei Fryske dichters. It idee is dat de Fryske dichter in pear fan har gedichten oerset yn it Frysk, en dat sy in pear gedichten fan ’e Fryske dichter yn it Spaansk of Hebriuwsk oerset.
Se is ek dwaande mei in artikel oer Fryslân foar har site: https://literaturasyperiferias.wordpress.com/.
Sjoch foar foarbylden fan oersettingen: http://centrodetraduccionliterariarecipr.blogspot.co.il/.
Biografyske ynformaasje: http://artgallery-edithlomovasky.blogspot.co.il/.… Lês fierder

Teleks: Jelle de Jong ferstoarn

logo.ensafh

Jelle de Jong: Harich, 5-2-1933 –  Zeist, 14-12-2015 

Jelle de Jong is berne yn Harich, as âldste fan acht bern, yn in boerehúshâlding. Dêr yn Gaasterlân is er opgroeid. Op syn achttjinde ferliet er Fryslân en fêstige him yn Utert foar in stúdzje teology. Syn earste plak as doomny wie yn it Belgyske Geraardsbergen, in stedsje midden yn it Flaamske lân, oan de rivier de Dender. Nei Geraardsbergen stie er yn Brugge, Eindhoven, Den Haach en Rotterdam. Nei syn emeritaat is er yn Rotterdam wenjen bleaun.
Yn Fryslân is Jelle de Jong bekend wurden as ien fan de eksperimentele dichters dy’t yn de jierren fyftich foar in omkear yn de Frysk literêre wrâld soargen.… Lês fierder