Nijs
Teleks: Marga Claus en Aggie van der Meer skriuwe Kadoboek 2016
It Kadoboek dat by Swalk, Frysk op toernee 2016 ferskynt, is in brieveboek en wurdt skreaun troch twa auteurs: Marga Claus en Aggie van der Meer. It tema fan Swalk wurdt ‘Brieven’ om te ûnderstreekjen hoe spesjaal it is om in brief te skriuwen, of te krijen. Beide skriuwsters hawwe inoar in jier lang brieven skreaun, nei’t sy beide harren partners, mei fiif wiken tuskentiid, ferlern hiene.
Lês fierder by Swalk… Lês fierder
Teleks: De Pennel app, in iepen poadium foar lêzers en skriuwers
Lêsto graach Frysktalige boeken? Komst graach yn oanrekking mei Fryske poëzij? Miskien soesto sels wolris in resinsje skriuwe wolle?
De Pennel app biedt skreaune en sprutsen teksten fan skriuwers dy’t harren wurk (noch) net fia in útjouwer publisearje, mar wol graach harren wurk lêze litte wolle. Alle moannen stean der fiif nije tekstfragminten klear om lêzen, belústere en beoardield te wurden.
Lês fierder by pennel.frl… Lês fierder
Aginda 14-12-15: It weromkommen fan de Friese Wonderpen fan Gerard Reve
Op moandeitemiddei 14 desimber is der by Tresoar om 16.00 oere in feestlik barren by de gelegenheid fan it weromkommen fan de ‘Friese Wonderpen’ fan Gerard Kornelis van het Reve.
De fjirtjinde desimber is de bertedei fan Gerard Kornelis van het Reve.
De bysûndere pinne, dêr’t Gerard yn Greonterp yn Huize ‘Het Gras’ Nader Tot U skreau, wie sûnt 1968 fuort mar is koartlyn op wûnderbaarlike wize by Teigetje weromkommen. Om dit bysûndere barren foar de takomst te bewarjen wurdt troch Tresoar in boekje útjûn dêr’t yn optekene stiet hoe’t de pinne weromkommen is.
Teigetje sil it boekje Het teken van Gerard mei dizze histoaryske literêre pinne foar jo sinjearjen en boppedat sille Teigetje en Woelrat elk in brief fan Gerard foarlêze dy’t ek mei de pinne skreaun is.… Lês fierder
Teleks: Nije teksten op fers2.eu
Ek diskear komme de bydragen fan Eppie Dam, Friduwih Riemersma en Aggie van der Meer. Lês fierder by fers2… Lês fierder
What Russian writers thought of each other
Tolstoy, Chekhov, Dostoevsky… What did they think about each other?
RBTH has put together quotes that writers and poets born in Russia said about their peers – both complimentary and disparaging. We present our interactive map to learn more about what Russian authors wrote about each other in their letters and journals.
Lês fierder by Russia Beyond The Headlines… Lês fierder
Teleks: Essaywedstriid oer de natuer yn Fryslân
Essaywedstriid oer de natuer yn Fryslân
Natuer en lânskip binne fan grut belang foar minsken, planten en bisten. Natuer en lânskip binne ek it besteansrjocht fan ús feriening. It Fryske Gea is yn 1930 ûntstien út noed om it ferdwinen dêrfan. It is no safier dat It Fryske Gea al 85 jier lang troch oankeap en goed behear stikken natuergebiet yn de provinsje Fryslân hoedet en noedet. Sa binne gebieten bewarre bleaun mei in grutte rykdom oan natuer en gebieten dêr’t te sjen is hoe’t de natuer him ûntjûn hat yn wikselwurking mei it minsklik gebrûk. Bûten de natuergebieten sjogge wy dat der hieltyd minder plak is foar planten en bisten en dat de kwaliteit fan it lânskip yn de knipe komt troch yntinsiver gebrûk en skaalfergrutting.… Lês fierder
