Teleks: ‘Under wetter’ as e-boek

logo.ensafh

‘Under wetter’ as e-boek

Skriuwer Koos Tiemersma, winner fan de Gysbert Japicxpriis 2015, hat dizze wike ûnder syn pseudonym Froon Akker de roman ‘Under wetter’ (2009) as e-boek publisearre.

‘Under wetter’ is in ferrassend aktueel boek, sjoen de koade Oranje dy’t it KNMI ôfjoech yn it kader fan de klimaatkonferinsje fan de Feriene Naasjes. It is 2065. Fryslân wurdt yn it ramt fan in wrâldwiid klimaatakkoart priisjûn oan it stigende seewetter. De âlde keninginne Amalia hellet de bonken fan har foarâlden út de Grutte Tsjerke, rûnom hearsket ferfal en binne der rellen. De befolking moat nei Dútslân of Poalen, foar’t de diken trochstutsen wurde.… Lês fierder

Teleks: Sportpoëzie in Fryslân

logo.ensafh

Sportpoëzie in Fryslân

Sport is passie. Op het veld of in de zaal, maar ook aan de zijlijn of op de tribune. We drukken die passie, die bewondering voor sporthelden, clubs en speciale sportgelegenheden graag uit in mooie woorden. Spreekkoren op de grote tribunes, clubliederen bij amateurverenigingen, gedichtjes voor lokale (anti)helden. Sportpoëzie, zo zou je het allemaal kunnen noemen.
Twee liefhebbers van sport en van taal, Anne Dykstra en Anne Tjerk Popkema, doen een oproep aan de tienduizenden sportliefhebbers en -beoefenaars in Fryslân om zulke sportpoëzie aan te leveren. Gedichten en liederen, verzameld uit stokoude boeken en kranten, uit het clublad van vorige maand, of wellicht zaterdagmiddag nog opgevangen op veld 7.… Lês fierder

Teleks: Bûsboekje 2016 leit yn ‘e winkel!

logo.ensafh

 

It is wer slagge. Krekt foar de boufak oangiet lizze de nije Bûsboekjes wer oeral yn ‘e provinsje yn de diskes de pronkjen. Op ‘e omslach siet in frou yn overall dy ’t in amer molke yn ‘e tjems leget, in byld wat it tema ‘suvel’ symbolisearret. Want al iuwen lang is Fryslân in suvelprovinsje, en noch altyd streamt it wite goud yn allerhande foarmen oer de provinsjegrinzen.

Fansels wurdt wiidweidich oandacht oan it tema skonken, mei teksten skreaun troch Wiebe Dijkstra, âld haadredakteur fan it eardere Frysk Lânboublêd. En opfleure mei plaatsjes fan suvelfabriken dy ’t tsjinwurdich in nije bestemming krigen hawwe.… Lês fierder

Aginda 28-11-15: Presintaasje ‘We hebben het niet zo op toeristische trekpleisters’

logo.ensafh

reis

Uitnodiging

We hebben het niet zo op toeristische trekpleisters

Toeristische gidsen, beschrijvingen van landen en landstreken, ze zijn er in overvloed.

Je moet wel met iets bijzonders komen wil je op dit terrein succes hebben. Uitgeverij Perio is dan ook zeer verheugd dat we de hand hebben weten te leggen op een uniek reisverhalenboek vol dwarse reiservaringen, humoristische voorvallen, en verrassende
ontmoetingen.
Uitgeverij PERIO nodigt u van harte uit voor de presentatie van:
Wij hebben het niet zo op toeristische trekpleisters van Anneke van Renssen

Omdat autobedrijf Haaima vakmanschap combineert met klantvriendelijkheid, gastvrijheid en humor bieden we het eerste exemplaar graag aan directeur Arne Brouwers aan.… Lês fierder

Teleks: kontroversjele roman ‘Swarte Ingels’ wurdt ferfilme

logo.ensafh

It kontroversjele en boppedat bekroande ferhaal út de roman ‘Swarte Ingels’ fan Willem Schoorstra wurdt ferfilme. It ferhaal spilet him ôf op it Fryske plattelân, mar is universeel en behoarlik omstriden.

Understream_fertelt oer de leafde tusken twa jonge minsken, broer en sus. Sy krije in seksuele relaasje. Ynsest dus, mar sûnder de gebrûklike konnotaasje fan druk of geweld fan ien fan beide partijen. Hilbrand en Fardou binne oprjocht en fan wjerskanten fereale op elkoar en wolle neat minder as in leafdefolle relaasje oangean en dy ûnderhâlde. Se binne har derfan bewust dat dat maatskiplik ûnakseptabel is, mar kieze dochs foar de leafde foar elkoar.… Lês fierder

Aginda 26-11-15: temajûn oer literatuerbelied mei deputearre Sietske Poepjes

logo.ensafh

Sa as fia in eardere e-mail al oankundige wie, organisearret it bestjoer fan it Skriuwersboun in temajûn oer it nije belied fan de provinsje wat de literatuer yn Fryslân oanbelanget. De jûn fynt plak op tongersdei 26 novimberTresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert.
Ynrin fan 19.30 ôf, begjin om 20.00 oere en we wolle ôfslute om 21.30 oere.

Us gast is deputearre fan kultuer Sietske Poepjes.

It doel fan de jûn is mei de deputearre fan gedachten te wikseljen oer it nije provinsjaal belied om te kommen ta in grut(ter) Frysklêzend publyk, effektive marketing en promoasje fan it Fryske boek en in literêre ynfrastruktuer dy’t yn tsjinst stiet fan de Fryske skriuwers.… Lês fierder