‘Fryske liternatuer’ by De Feanhoop
Op freedtemiddei 20 novimber is der fan 14.30-17.30 oere in fergees “Fryske liternatuer”-evenemint by De Feanhoop (oan de Drachtster Heawei). Dêrby sil yn – en foaral om – it Skriuwersarkje fan folksskriuwer Rink van der Velde Fryske natoer en literatuer heard, sjoen, rûkt en benammen ek preaun wurde kinne. Meiwurking wurdt ferliend troch it Fryske Gea, Brouwerij Brandsma én de skriuwers Douwe Kootstra, Edwin de Groot en Geart Tigchelaar. Wat der krekt bart is noch in ferrassing, mar it wurdt aventoerlik, en learzen sille dan ek nedich wêze.
Dêr wurdt boppedat de Fryske, yllustrearre oersetting fan Godfried Bomans’ Erik of it lyts ynsekteboek presintearre.… Lês fierder
