Teleks: Netwurk Frysk Literatuerwittenskiplik Undersyk oprjochte

logo.ensafh

In ploech Fryske skriuwers hat op woansdei 4 novimber it inisjatyf nommen ta it oprjochtsjen fan it Netwurk Frysk Literatuerwittenskiplik Undersyk. Mei it Netwurk wolle de skriuwers berikke dat der mear en better wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske literatuer komt. Literatuerwittenskiplik ûndersyk tsjinnet de kwaliteit fan de literatuer.

Frysk literatuerûndersyk wurdt, troch in kombinaasje fan oarsaken en redenen, net mear útfierd oan de akademyske ynstituten. Mar fan de ynstituten ûnôfhinklike Fryske skriuwers en ûndersikers hâlde har wol dwaande mei literatuerûndersyk. Troch harren te ferienigjen yn in Netwurk kinne dy ûndersikers soargje dat oan de betingsten foar it saneamde sivile literatuerûndersyk foldien wurdt.… Lês fierder

Aginda 18-11-15: Presintaasje Sprokys fan Grimm

logo.ensafh

Mearkes fan Grimm yn it Biltsk
Op 18 novimber wurdt yn St. Anne in Biltske oersetting fan fyftjin mearkes fan Grimm presintearre: Sprokys fan Grimm in ’t Bildts. It boek is in samling fan fyftjin mearkes fan de ferneamde bruorren Jacob en Wilhelm Grimm, dy’t troch Sytse Buwalda oerset binne yn it Biltsk. De útjefte ferskynt by Taalburo Popkema en is útrist mei prachtige kleureyllustraasjes, fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn. It is boppedat it folgjende diel yn in rige fan oersettings fan Grimm-ferhalen yn lytse talen. Yn 2012 ferskynde al in Fryske oersetting (Mearkes fan Grimm, Bornmeer) en der binne ek plannen foar bgl.… Lês fierder

Aginda 20-11-15: Presintaasje Erik of it lyts ynsekteboek

logo.ensafh

Godfried Bomans yn it Frysk
Op freedtemiddei 20 novimber wurdt it nijste boek fan de Grinzer/Fryske útjouwerij Regaad presintearre: Erik of it lyts ynsekteboek. Godfried Bomans’ ferneamde berneboek út 1941 is oerset troch Geart Tigchelaar (1987). Yllustrator Nina Peckelsen (1990) is oanlutsen om yn har eigensinnige, feeërike styl de ynsektewrâld dêr’t de lytse Erik samar yn bedarret, ta libben te bringen.
De presintaasje fan it boek sil wêze yn, en benammen om it Skriuwersarkje by De Feanhoop, dêr’t de oanwêzigen de “Fryske liternatuer” hearre, sjen, rûke en priuwe sille. Learzen sille nedich wêze, lit Regaad witte. Fan sneon 21 novimber ôf is it boek yn de boekwinkel te keap of te bestellen, foar €12,50.… Lês fierder

Teleks: Edgar de Bruin wint Letterenfonds Vertaalprijs

logo.ensafh

De Letterenfonds Vertaalprijs 2015 gaat naar Edgar de Bruin. De Bruin heeft een scherp oog voor de moderne Tsjechische literatuur; hij introduceerde schrijvers als Petra Hůlová, Jáchym Topol, Patrik Ouředník en Markéta Pilatová in Nederland. Zijn vertaaloeuvre omvat bijna 50 romans. Zijn nieuwste vertaling Een ware gebeurtenis van de geëngageerde Emil Hakl, wordt as zaterdag 31 oktober in Rotterdam gepresenteerd. De Letterenfonds Vertaalprijs, groot 10.000 euro, wordt feestelijk uitgereikt op vrijdag 11 december in Amsterdam.

Lês fierder by it LetterenfondsLês fierder

Teleks: Startside.frl, de poarte nei Frysktalige websiden

logo.ensafh

http://startside.frl

Ut soarte binne minderheidstalen minder oanwêzich yn de maatskippij as grutte talen. Yn it thúsgebiet fan in streektaal kin dat fansels oars wêze. Sa binne der in protte doarpen yn Fryslân dêr’t it Frysk it foarnaamste kommunikaasjemiddel is. Mar op it wrâldwide web is it fakentiden in toer om in lytse taal werom te finen. Benammen ek om’t minsken op sykmasines gauris automatysk wurden yn de mearderheidstaal brûke.

Yn it gefal fan it Frysk is der oars in moai oanbod oan nijsgjirrige websiden, dêrûnder guon dy’t deistich aktualisearre wurde. De Ried fan de Fryske Beweging komt op foar de Fryske taal, rûnom yn de provinsje, mar likegoed op it ynternet.… Lês fierder