Aginda 31-10-15 o/m 31-11-15: Keunstmoanne Amelân

logo.ensafh

Op sneon 31 oktober giet de Keunstmoanne Amelân fan start. Dy duorret oant ein novimber. Tresoar is fertsjintwurdige troch tsien Fryske skriuwers yn hotel ‘De Amelander Kaap’ te Hollum. Op Hooijer N HAY_9461 bewwoansdeitejûn 11 novimber binne der dichtersoptredens mei muzyk yn de eksposysjeromte en wurdt der ferteld oer it projekt. Op 25 novimber spilet Wiebe Kaspers mei syn band it muzikale program It frije lân.

10 tekeners versus 10 skriuwers
In bysûndere seleksje fan tekeningen yn kombinaasje mei gedichten of ferhalen, wurdt yn de kontekst fan de Keunstmoanne Amelân 2015 yn in nije setting oan it keunstpublyk sjen litten.… Lês fierder

Aginda 05-11-15: Poetic Potatoes

logo.ensafh

Foar it literêre útwikselingsprojekt mei Valetta 2018, ‘Poetic Potatoes’, joech de Moanne de dichters Albertina Soepboer, Sannemaj Betten, Bartle Laverman, Arjan Hut en Wilco Berga de opdracht om in oade oan de jierpel en it Bildt te skriuwen.

Fiif filmmakkers, Heleen Haijtema, Elmar Kuiper, Piter Hettinga, Sytse Jansma en Richard van der Laan, lieten har ferfolgens ynspirearje troch de gedichten en makken fiif bysûndere films dy’t op it Media Art Festival op tongersdeitejûn 5 novimber om 20.30 oere yn de Westerkerk (âld teater Romein) yn Ljouwert yn premjêre gean.

‘Poetic Potatoes’ is in projekt fan de Stichting Bildtse Aardappelweken yn gearwurking mei de Moanne wêrby’t yn oanrin nei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 in poëtyske útwikseling mei Valetta 2018 sintraal stiet.… Lês fierder

Aginda 04-11-15: presintaasje jierdeis-keunstkalinder De Tafel

logo.ensafh

Minsken’ neamde byldzjend keunstner Gerrit Terpstra syn rige fan tolve skilderijen. Elk paneel draacht de namme fan in moanne fan it jier en hat syn eigen mysterieuze entûraazje. Iennige konstante is de ovale tafel dêr’t minsken omhinne sitte, altyd trettjin minsken. Wat dogge dy minsken dêr, frege dichter Eppie Dam him ôf. Is it in selskip mei ideeën, in rûnte mei in opdracht? Binne it politisi, teologen, wittenskippers, foarfjochters foar dit of dat? En wurde se it iens of soe der twaspjalt komme? Dam gie op syk yn twa kear tolve gedichten, Nederlânsk en Frysk. Ien en oar hat resultearre yn ‘De tafel’, in poëtysk keunstboek yn kalinderfoarm, útjûn troch De Ryp, de ambisjeuze útjouwerij fan de Gerben Rypma Stichting.Lês fierder

Teleks: oprop Skriuwersarke

logo.ensafh

Oprop foar de Skriuwersarke
Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle.… Lês fierder

Aginda 14-11-15: Fedde Schurerlêzing 2015

logo.ensafh

Op 14 novimber is foar de fiifde kear op rige de Fedde Schurerlêzing by Tresoar. De organisearjende partijen, de Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar en it HCL, wolle omtinken freegje foar in tema dêr’t Schurer him mei dwaande hâlde.

Fedde SchurerDizze fiifde kear sil it gean oer de tsjerken mei as ûnderwerp ‘Tsjerke mei takomst. Tiid foar in Fryske tsjerke?’. Yn alderhande fermiddens wurdt de fraach steld nei de takomst fan ’e tsjerke. Tsjerken binne yn in faze bedarre, dat dúdlik is dat de fraach net mear akademysk is, oft in tsjerke altyd bliuwt. Tsjerken kinne ek ferdwine, en guon binne dwaande om te ferdwinen.… Lês fierder

Aginda 21-11-15: Boekpresentatie van Nyk de Vries’ nieuwe roman ‘Renger’

logo.ensafh

Boekpresentatie van Nyk de Vries’ nieuwe roman ‘Renger’ – filmische roadnovel en familiegeschiedenis ineen. Met medewerking van o.a. Klaske Oenema, Elmar Kuiper, Meindert Talma, Anneke Claus, De Kesanova.

Omslagtekst
‘Na die nacht in dat ziekenhuis heb ik Renger niet meer gezien. Toch leidde onze confrontatie ertoe dat ik besloot om het verhaal op te schrijven, zo eenvoudig mogelijk: het verhaal van mij en mijn vader.’
Een jonge Friese schrijver, dwars in de omgang, neemt in zijn woonplaats Amsterdam een lift aan van de mysterieuze Renger. Hoe vaak heeft zijn vader, een zuinige bouwvakker die alles verzamelde wat los en vastzat, hem vroeger niet voor dit soort mooipraters gewaarschuwd?… Lês fierder