Teleks: Nije Ingelske oersettings fan Fryske boeken

logo.ensafh

Wat Fryske skriuwers te bieden hawwe, moat ek beskikber wurde foar it grutte Ingelske taalgebiet. Dat is it betinken fan deputearre Sietske Poepjes. Hja wol dat der in blomlêzing fan Frysk literêr wurk yn in Ingelske oersetting komt. Neffens de deputearre kin Ljouwert dêrmei yn 2018 oan in grut part fan ‘e wrâld sjen litte hoe’n literêre rykdom oft Fryslân hat. Yn dat jier is Ljouwert ien fan ‘e kulturele haadstêden fan Europa.
Yn 2013 ferskynden der al tsien boeken fan Fryske auteurs yn it Ingelsk. Under de namme 10 books from Friesland waarden dy op ‘e Frankfurter Buchmesse oan in grut Ingelsktalich publyk sjen litten.… Lês fierder

Teleks: Gysbert Japicx-priis útrikt yn Martinitsjerke Boalsert

logo.ensafh

Koos Tiemersma hat sneontemiddei yn Boalsert de Gysbert Japicx-priis yn ûntfangst naam. De skriuwer is de earste dy’t dy priis wint foar in boek dat allinnich as E-boek útkaam is. Ek foar Nederlânske begrippen is dat unyk.
Tiemersma hie fiif jier lyn besletten syn wurk allinnich yn digitale foarm út te jaan. No’t er dizze priis krijt, sil it boek “Einum” toch ek op papier ferskine. Neffens de sjuery hat Tiemersma mei syn boek de plattelânsroman op ‘e nij útfûn.

Boarne Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Boekferkeap nimt foar it earst sûnt jierren ta

logo.ensafh

De ferkeap fan boeken is it ôfrûne jier tanommen. Neidat de ferkeap jierrenlang weromrûn, is de omset fan de totale boekemerk dit jier groeid. Dat docht bliken út sifers fan de stifting Kollektive boekenPropaganda fan it Nederlânske Boek (CPNB). De omset fan de totale boekemerk is it ôfrûne jier, oant en mei augustus, mei 4,2 prosint tanommen. Yn de berneboekemerk is in noch sterkere taname te sjen: de omset stige mei 9,2 prosint. Ferline jier levere de boekemerk noch sa’n 10 prosint omset yn.
e-boeken
De ferkeap fan e-boeken flakket ôf, sa meldt it CPNB. De stiging fan de ferkeap fan de elektroanyske boeken is yn de lêste acht moanne ôfnommen yn ferliking mei ferline jier.… Lês fierder

Aginda 10-10-15: Petear mei Christopher Morgan

logo.ensafh

In kleintheater de Vier Pelikanen vindt zaterdag 10 oktober de tweede editie van ‘Ode aan de Levenden’ plaats. Deze editie valt samen met de Kinderboekenweek en staat daarom geheel in het teken van kinderboeken.
Kinderboekenschrijver Christopher Morgan is te gast als hoofdgast. Hij wordt door Arjan Hut, oud-stadsdichter van Leeuwarden, en door theatermaker Tim Honnef aan de tand gevoeld.
Tussendoor treedt een bonte mix van schrijvers, dichters, muzikanten en comedians op.
De avond begint om 20.00 uur, inloop vanaf 19.30 uur.… Lês fierder

Teleks: Projektsubsydzjes Letterenfonds

logo.ensafh

‘In de derde subsidieronde van 2015, de aanvraagronde voor de zogeheten ‘oeuvrebouwers’, is een bedrag van € 823.000 besteed; 47 projectsubsidieaanvragen van 44 auteurs konden worden gehonoreerd. De verleende bedragen per project variëren in deze ronde van € 10.000 tot € 50.000, het maximaal te verlenen subsidiebedrag voor deze groep aanvragers.’

Trije Fryske skriuwers/dichters hawwe subsydzje krigen: Ferdinand de Jong, Anne Feddema en Elske Kampen.

Foar it folsleine oersjoch fan literêre subsydzjes: Nederlands LetterenfondsLês fierder

Aginda 09-10-15: Presintaasje twadde searje Protterboeken

logo.ensafh

Plak: SWS Twaspan, Spoorstrjitte 7, Deinum
Tiid: 9 oktober 13.30 oere

Freedtemiddei 9 oktober wurde op de skoalle Twaspan yn Deinum fjouwer populêre berneboeken oanbean oan groep 7 en 8.
Fiif skriuwers lêze dêrnei foar yn de ferskillende groepen.

Protters
Âldere, populêre boeken wurde yn in nij jaske stutsen en soms in bytsje bewurke. De basis wurdt foarme troch de Mentha Minnemasearje, de iennichste detektiverige dy’t de Fryske berneliteratuer ryk is. Ek no noch kinne bern har der hielendal yn ferlieze.

Doel fan de Protter-rige is om safolle mooglik âlders en bern yn de gelegenheid te stellen om dizze boeken te keapjen.… Lês fierder

Teleks: Bauke de Jong ferstoarn

logo.ensafh

Hjoed waard bekend dat Bauke de Jong (27 jannewaris1931 – 3 oktober 2015) ferstoarn is.

Rieuwert Krol skreau yn 2008 op de side fan ensafh: ‘Yn 1965 hat Bauke de Jong syn ferneamde artikel skreaun dêr’t er Folkertsma as antysemyt yn ûntmaskere of beskreaun hat. De reaksjes fan de âlde garde op dit artikel binne eins allegear krekt like foarsisber. Hast gjinien (útsein dy fan Lolle Nauta, Steven de Jong en Fokke Sierksma) wol der oan dat Bauke de Jong wolris in punt hawwe kin.’… Lês fierder