Teleks: Radio útstjoering mei skriuwer Speerstra

logo.ensafh

Us gast is in Nederlânsk-Frysk skriuwer dy’t wrâldferneamd is yn Fryslân mar Nederlân kent hem ek, want hy kin de skiednis meesterlik op ‘e nij fertelle. Dat bewiist hy ek no wer yn syn boek ‘Op klompen door de dessa’. De Nederlânske útjefte belibbet al syn 6e printinge.

Sa begjint it fraachpetear mei de skriuwer op Radio 1 (útstjoering 31 july 2015). Fia dit linkje kinne jo hearre wat it boek oan’t no ta losmakke hat. By de feteranen, harren bern mar ek by de skriuwer sels. Presintaasje: Petra Possel.

Boarne: Hylke SpeerstraLês fierder

Aginda 11-09-15: Akademy-dei 2015

logo.ensafh

De Fryske Akademy nûget alle leden, stipers en relaasjes fan herten út foar de jierlikse Akademy-dei, dy’t dit jier holden wurdt op freed 11 septimber yn it Ljouwerter kongressintrum WTC.

Op ’e 77ste dies natalis fan ’e Fryske Akademy sil Jouke de Vries sprekke oer de plannen foar Campus Fryslân, de alfde fakulteit fan ’e Ryksuniversiteit Grins.

Akademy-meiwurkers Edwin Klinkenberg en Nika Stefan sille oer it grutte taalsosjologyske ûndersyk Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje fertelle.

Dêrneist presintearret taalkundige Eric Hoekstra syn bondel mei Midfryske teksten en is der in optreden mei Fryske muzyk út ferline iuwen fan ’e groep Kapriol’!… Lês fierder

Aginda 30-07-15: Lieten fan Fedde Schurer

logo.ensafh

Tongersdei 30 July spylje Arjo en Dries lieten fan Fedde Schurer út de bondel “De Gitaar by it Boek”.
Se sjonge en begeliede harren sels derby op gitaar en akkordeon. De lieten binne op toan set troch Louise Godin.  It optreden sil heve by it teehúske “De Bangakoepel” op it Noorderbolwurk fan 15.00 – 16.00 oere. De organisaasje is yn hannen fan de wurkgroep Bangakoepel.… Lês fierder

Aginda 11-09-15 o/m 20-09-15: Swalk, Frysk op toernee reizget wer troch Fryslân

logo.ensafh

Swalk, it Frysk literêr festival, wurdt ek yn 2015 wer organisearre.
Dit jier reizget Swalk opnij troch Fryslân fan freed 11 septimber oant en mei snein 20 septimber. Swalk komt yn ferskate plakken yn Fryslân rûnom troch de provinsje. Op freed 11 septimber set Swalk útein mei it Frysk Boekefeest en de njoggen dagen dêrnei swalket Swalk troch Fryslân, mei Dette Glashouwer en Wiebe Kaspers.

Sjoch foar mear ynfo by TresoarLês fierder

Teleks: 41e Fryske Bûsboekje leit yn ’e winkels

logo.ensafh

41e Fryske Bûsboekje leit yn ’e winkels

20 july 2015

Lân fan kij, molke, tsiis en boerebûter

It nije Fryske Bûsboekje is út! Dit jier is it tema: suvel. Frysker as dit wurdt it net. Al yn ‘e Midsieuwen gie Fryske bûter fia Harns nei Londen. It symboal fan Fryslân is de ko, dy’t symboalisearre wurdt troch Us Mem. Dat byld waard yn 1954 troch de feehanlers fan ‘e Ljouwerter feemerk skonken oan it Fries Rundvee Stamboek.

It Fryske Bûsboekje 2016 is de ienenfjirtichste útjefte fan wat yn 1975 begûn. Sûnt doe hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen (en net-Friezen) yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne.Lês fierder