Yn de tentoanstelling ‘Hauser’, in ynisjatyf fan Tresoar en de Moanne, ûntdekke jo ûnder oaren de orizjinele poststikken wêrmei’t de dichters Annemarie Estor en Lies van Gasse elkoar fjouwer jier lang alle wiken ferrasten.
Annemarie Estor en Lies van Gasse wurken fan 2009 oant 2013 oan it projekt Hauser. Sy lieten harren dêrfoar ynspirearje troch de njoggentjinde-iuwske figuer Kaspar Hauser.
Kaspar Hauser waard yn 1828 fûn yn de strjitten fan Neurenberg, Dútslân. Wêr’t er wei kaam wie ûnbekind en hoewol’t er 16 jier âld wie, hie hy in mentale leeftyd fan seis jier. Der waarden withoefolle ûndersiken op him útfierd en men learde him ek praten wêrtroch ’t er syn ferhaal dwaan koe.… Lês fierder