Teleks: Schrijver vlucht voor marter uit ark Rink van der Velde

logo.ensafh

(tekst: Facebook)
Eeltsje Hettinga
Gisteren om 13:22 ·
Terreur fan in stienmarter op de skriuwersarke fan Rink van der Velde. De stank fan de stienmurd dy’t op it dak en ûnder de flierren fan de arke omheisteret, is sa alderferskuorrendst dat de skriuwer dy’t der siet op ’e flecht slein is… De buks mei net brûkt om it kring mei al syn keunsten en oanslaggen, ynbegrepen de sabotaazje fan de (Fryske) literatuer, nei in oare himel te helpen want it giet om in beskerme diersoarte…

Boarne: LiwwaddersLês fierder

Teleks: Omrop Fryslân oer Fryske identiteit

logo.ensafh

Wat makket immen in echte Fries? Yn in wrâld dy’t rap globalisearret, wurdt ús identiteit bleatsteld oan feroarings. Friezen hawwe in taal en in folksliet, mar wat is de aard fan de Friezen? De jonge sjoernalist Timo Jepkema giet yn dizze Fryslân DOK op syk nei it geheim fan de sterke identiteit fan de Friezen. Klopje de stereotipen?

Harkje en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Aldste Frysk op perkamint

logo.ensafh

(Tekst fan Fryske Akademy op Facebook)

Aldgermaniste Erika Langbroek fan Amsterdam is op it spoar kommen fan fjouwer snipeltsjes perkamint, dêr’t acht Aldfryske wurdsjes op skreaun binne, as glossen by Latynske psalmen. Dêrmei is dit it âldst bekinde Aldfrysk oant no ta. Han Nijdam, ûndersiker Aldfrysk oan de Fryske Akademy is út ’e skroeven oer de fynst. “Dit nije fragmint toant oan dat der al koart nei 1100 Aldfrysk skreaun waard.”

Selection_093

Foto: LC

Sjoch ek by Omrop FryslânLês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ’e planke Juny 2015

logo.ensafh

Poezij

Abe de Vries
Brek dyn klank

Gerben Rypma Stifting, Blauhûs 2015.
ISBN 9789081581820
Ferkeappriis € 15,00

Brek dyn klank is poëzij, skreaun troch in heit foar syn bern, dêr’t it libben trochhinne gien is. Taal, tusken langst en ferlies, begjin en ein, is net ûnskuldich mear, mar jout sawol omearming as ferantwurding. Taal dy’t fertart is feroare yn taal dy’t tsjûget fan ferynderliking. Hjir sprekt in dichter dy’t wit wat er fan it libben ferwachtsje mei, en foaral wat nét, wiis wurden troch eigen ûnderfining.

Hinke Veenstra
Lang om let : Fryske gedichten en foto’s
Eigen behear, Drachten 2015
ISBN ?… Lês fierder