Aginda 17-06-15 o/m 30-09-15: It Swijen Trochbrutsen

logo.ensafh

Fan woansdei 17 juny oant en mei ein septimber is yn de saneamde Gerben Rypma Keamer fan Kafee De Freonskip yn Blauhûs, de Tentoanstelling It Swijen Trochbrutsen te sjen.

In protte minsken binne stilfallen troch de oarloch. De tentoanstelling fertelt yn byld en wurd oer it swijen fan of oer trije persoanen dy’t yn de oarloch yn Blauhûs en omkriten libben.

Gerben Rypma (1878-1963)

Mei it begjin fan de oarloch is skilder, dichter en boere-arbeider Gerben Rypma stoppe mei it dichtsjen. Neffens in omkesizzer hat de oarloch de reden west dat hy hjirmei ophold. ‘Hy koe gjin lijen sjen, koe it net ferneare dat de iene minske de oare safolle ûnrjocht oandie.’… Lês fierder

Teleks: Oprop foar ferhalen oer in busreis

logo.ensafh

Tegearre mei de provinsje, Arriva en Qbuzz makket Elikser in boekje mei ferhalen oer belevenissen by in busreis. It mei fan alles wêze, yn it Frysk, yn it Nederlânsk of yn ien fan de Fryske streektalen, in echte reis of yn de fantasy, as it mar oer in busreis giet.

Wannear: graach ynstjoere foar 1 july

Lingte: net mear as 1000 wurden

Wêrhinne: maile nei boek@busfolferhalen.frl

Facebook: www.facebook.com/busfolferhalen

De bêste ferhalen wurde publisearre yn in boekje, dat yn septimber yn in oplage fan 1000 eksimplaren ferskynt. Dat is dan tagelyk ek de beleaning.

Pak de bus, meitsje in reis, skriuw in ferhaal en stjoer it yn!… Lês fierder