Teleks: Gysbert Japicxpriis 2015: Shortlist mei trije titels

logo.ensafh

Gysbert Japicxpriis 2015: Shortlist mei trije titels

De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2015 hat de shortlist bekendmakke mei trije Frysktalige proazawurken. Dat binne:

Einum (2012) fan Froon Akker (pseudonym fan Koos Tiemersma)
In kop as in almenak (2013) fan Elske Hindriks
Littenser Merke (2013) fan Ale S. van Zandbergen

Einum biedt in filmyske blik op it libben yn in hjoeddeiske plattelânsmienskip. De ferteller lit ús yn de kunde komme mei de kleurrike bewenners yn in úthoeke fan in noardlike krimpregio. Yn elk haadstik sjogge wy it doarp Einum út it perspektyf fan in folgjend personaazje, wêrmei’t de byinoar lâns en mei-inoar belibbe ferhalen yninoar ferfrissele wurde.… Lês fierder

Aginda 12-09-15: Tigers fan Greonterp op it Greidhoekfestival

logo.ensafh

De “Tigers fan Greonterp” is in Fryske poëtyske, alternative en ekspirimentele mjuks muzykploech. De leden binne hikke en tein yn de omkriten fan Greonterp.

Greonterp yn Fryslân hat in skiednis fan “Reade Boarre” oanbidders nei ’t in tsjoendokter dêr kaam en dêr wenne hat. Mar Hollânske krúsridders kamen en stutsen it doarp yn ’e brân. It kjel makke folk flechte en hja sprieken in flok oer it doarp út. Dit ferhaal wurdt ek wol beskreaun as in sabeare teltsje, it is neffens de gelearden wat besiden de wierheid. (Dochs binne der minsken dy’t somtiden tigers yn de omkriten fan Greonterp sjogge)

De ploech makke al gedichten en muzyk as bern, as ûnderdiel fan harren pleatslike doarpstradysjes Der wiene in protte ynkarnaasjes fan “De Tigers” de lêste 30 jier.… Lês fierder

Teleks: Fryske Bommel yn 2015 Kadoboek

logo.ensafh

Utjouwerij Le Chat Mort út Ketlik en Tresoar út Ljouwert binne oerienkommen dat yn 2015 in Fryske Bommel útjûn wurde sil. Jarich Hoekstra en Harke Bremer, dy’t al earder Bommelferhalen fan Marten Toonder oerset ha, sille ek dizze útjefte fersoargje. It ferhaal dat oerset wurdt is ‘De Vergelder’. It is in ferhaal oer de útfining fan in jildapparaat yn finansjeel nuodlike tiden. In tema dat oanslút by de aktualiteit fan hjoeddeis. De útjefte sil brûkt wurde as Kadoboek yn de promoasjeperioade fan Swalk (11 o/m 20 septimber 2015). It boek sil fan 11 septimber 2015 ôf yn de boekhannel lizze en is te krijen by oankeap fan in Frysk boek.… Lês fierder

Teleks: Kursus ‘Fersterkje dyn skriuwtalent’

logo.ensafh

FERSTERKJE DYN SKRIUWTALENT

In kreatyf wykein om frisse ideeën op te dwaan

5 – 7 juny 2015
Begelieding: Jelma Knol en Piter Boersma

Wolst ferhalen of gedichten skriuwe of dochst dat al, mar hast wol ferlet fan wat stipe, en fierdere ûntwikkeling. Dêr is dit wykein foar. Hoe pak ik it oan? Hoe krij ik it foarinoar? Hoe krij ik it better? Faaks hast ferlet fan nije ynspiraasje.
Lit de Skylger wyn de holle leech blaze en besteegje in wykein oan it fersterken fan dyn eigen skriuwerskip mei teory en praktyk yn in ynspirearjende omjouwing.
Der wurde tips en oefeningen jûn dêr’t wy de natuer fan Skylge by brûke.… Lês fierder