Waltzing Mathilda is in wrâldferneamde ballade oer it lot fan jongemannen dy’t in oarloch ynstjoerd wurde. It is in prachtich liet dat tusken 1945 en 1950 ek yn Indië songen waard. Dat blykt û.m. út it ferhaal Waltzing Mathilda yn Speerstra syn nijste boek ‘Op klompen troch de dessa’.
Oer it liettema fan it boek komme muzikus Gerrit Breteler en skriuwer Hylke Speerstra mei in spesjale teaterfoarstelling. Mei as earegasten (safolle mooglik!) âlde Indiëgongers. It is yn it Fries Landboumuseum te Earnewâld, op sneintemiddei 17 maaie en it begjint om 3 oere.
Lês fierder by Hylke Speerstra… Lês fierder