Aginda 02-05-15: Broeder Dieleman, Hilbrandt en Tsead Bruinja yn Ljouwert

logo.ensafh

Op zaterdag 2 mei presenteren Podium Asteriks en Explore the North voor de tweede maal gezamenlijk een show op een bijzondere locatie in de binnenstad van Leeuwarden. Ditmaal werd de Zeeuwse singer-songwriter Broeder Dieleman gevraagd om zijn liedjes in een intieme setting te spelen in de Kanselarij. Het voorprogramma wordt verzorgd door de Friese songwriter Hilbrandt en dichter Tsead Bruinja.

Klik hjir foar mear ynfo… Lês fierder

Teleks: Doch mei oan de Junior Rely!

logo.ensafh

Bisto tusken de 12 en 18 en kinsto moaie Fryske ferhalen, gedichten of songteksten skriuwe? Doch dan oan de Junior Rely mei. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach.

Wat binne de spulregels foar de Junior Rely?
Skriuw in ferhaal of in gedicht of songtekst yn it Frysk fan maksimaal 2000 wurden. Do hast alle frijheid foar dyn ûnderwerp; it mei bygelyks ek in toaniel- of deiboekfragmint wêze, science fiction of horror, mar hoechst de humor net te ferjitten! Uteraard hast de tekst hielendal sels betocht en skreaun.
Ek al hast miskien mear teksten dy’t de muoite wurdich binne, meist mar ien tekst opstjoere;
Dyn tekst mei net op ynternet stien ha, op in blog set wêze, yn de skoalkrante stien ha, earne foardroegen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht wêze;
Wolst fansels graach dat dyn tekst der op alle fronten útkipet, mar ferjit net: it giet de sjuery net om de foto-achtergrûn of it knip- en plakwurk om dyn tekst hinne.… Lês fierder

Teleks: Rely Jorritsma Fûns-priisfraach

logo.ensafh

Kinne jo fraaie Fryske ferhalen of fersen skriuwe? Doch dan mei oan de Rely Jorritsma Fûns priisfraach. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach.

Rely Jorritsma fûns.

rjYn syn testamint skreau Rely Jorritsma dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif Fryske gedichten en de bêste fiif koarte ferhalen. Sûnt 1952 wurdt syn winsk noch hieltiten útfierd, yntusken troch de gemeente Littenseradiel. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders foarmje it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns. By de fyftichste jierdei fan de Rely Jorritsma-priis waard der ek in priis foar jongerein ynsteld, de Junior Rely.… Lês fierder

Teleks: Fernijde staveringshifker jout problemen

logo.ensafh

Stifting Fierder mei Frysk freget de Steaten fan Fryslân om de ferbettere staveringshifker breder tagonlik te meitsjen foar in breder publyk. De fernijde ferzje is allinne mar geskikt foar Windows 7 en heger. Der binne noch in soad minsken dy’t wurkje mei Windows 2003 of noch earder. Jin kinne de fernijde hifker wol ‘ophelje’ (downloade) fan de webside fan de FA, mar jin kinne de fernijde hifker net iepenje yn Word en dus net brûke.

Lês fierder by It NijsLês fierder